Gjin sintraal, wol in skoaleksamen op it Ulbe van Houten

25 mrt 2020 - 13:29

Ien foar ien en mei de needsaaklike ôfstân stappe in tsiental learlingen út klas 4 it gebou fan it Ulbe van Houten yn Sint-Anne binnen. Se moatte oan de bak dizze woansdei. It sintraal eksamen mei dan skrast wêze; de skoaleksamens gean gewoan troch.

Thijs de Vries moat wachtsje oant hy in toets meitsje kin. As hy dy goed makket en ek syn iepensteande opdrachten ynleveret, kin ek hy syn diploma ferwachtsje. "As it goed is al. Ik stean no op alles foldwaande." It bliuwt ek foar him nuver: gjin eksamen. "Ik ha it al in kear dien, ferline jier. Doe hie ik der bêst stress fan. Dat falt dan no fuort, dus dat skeelt. Nuver is de sitewaasje al."

Ofstân hâlde

Mei de konsjerzje as bewaker fan de oarder en ôfstân sitte de learlingen yn de hal. As it safier is, sette se ôf nei it klaslokaal. De tafels en stuollen goed fier útinoar en de dosint efter it buro foaryn it lokaal. Ut dy posysje wei kin se goed yn de gaten hâlde oft learlingen ek ôfsjogge.

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

In goed diploma

Odilia Stornebrink is dosint oan it Ulbe van Houten. Se jout in seistal learlingen toetsynstruksje: "Dan witte se wêr't se aansens oan ta binne. Dan kinne se har goed tariede." Foar har is it in frjemde sitewaasje. "We hoopje no dat we de learlingen goed tariede kinne op it skoaleksamen. Dan kinne se ek sizze dat se terjochte it diploma fertsjinne ha."

In 10 foar Ingelsk

Op de earste etaazje sitte de dosinten Ingelsk Jellie Smit en Willy Faber. Telefoanysk nimme sy de mûnlinge eksamens ôf. Smit: "Gister hadden we een leerling die zich vergist had in de tijd. Hem belden we uit bed. Hij was eigenlijk gelijk een Engelse spraakwaterval. Heel goed gedaan, dus een dikke 10."

De folgjende op de list om te beljen is Tess. Se is hearber nerveus foar it kommende petear. Mar ek har giet it goed ôf. Op fragen oer de hjoeddeiske sitewaasje en in mooglike folsleine lockdown jout se floeiend antwurd. Ek foar har hat Jellie Smit goed nijs: "Very well done, we decided to give you a 10!" It sifer wurdt bliid ûntfongen oan de oare kant fan de line. Tess moat noch in pear toetsen dwaan en dan is sy slagge en kin se troch mei har ferfolchoplieding.

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Ferslachjouwer Hayo Bootsma praat mei learlingen fan it Ulbe van Houten

(advertinsje)
(advertinsje)