Riedsgearkomsten meie trochgean, gemeenten besjogge online-mooglikheden

25 mrt 2020 - 12:40

Gemeenten hoege de riedsgearkomsten net langer allegear te skrassen. Dat docht bliken út de oanfoljende coronamaatregels dy't dizze woansdei bekendmakke binne. Betingst is wol dat de riedsleden mear as oardel meter útelkoar sitte kinne. Dizze útsûndering is dien om it bestjoeren fan gemeenten en it nimmen fan besluten wol trochgean te litten.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"Dit is een belangrijke maatregel", seit Rieks Osinga, bestjoerskundige fan de Thorbecke Akademy. "We weten niet hoelang de crisis gaat duren en de democratie moet wel kunnen functioneren. Dus het is goed dat het kabinet deze uitzondering maakt."

Kinne riedsleden kinne net lykas in soad oare minsken thúswurkje? "Ik heb bij een aantal gemeenten nagevraagd hoe ze er praktisch mee omgaan en ze zijn druk bezig om online met elkaar te vergaderen en met elkaar te debatteren. Voor het stemmen gelden andere regels, daarover zijn ze aan het nadenken wat mogelijk is. Bijvoorbeeld dat de raadszaal open is en dat mensen in kleine groepen van drie naar binnen gaan om te stemmen."

Rieks Osinga

Trefwurden: 
ried gearkomste coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)