Begroeven wurde yn Cambuurkiste

15 nov 2011 - 10:22

Cambuursupporters kinne fan no ôf yn in spesjale Cambuurkiste te hôf of brocht of kremeard wurde. De klup biedt yn gearwurking mei in útfeartorganisaasje in spesjale Cambuurútfeart oan. Roubrieven kinne mei it Cambuurlogo bedrukt wurde en nei ôfrin fan de plechtichheid kinne de gasten by elkoar komme yn it stadion.

Cambuur is net de earste fuotbalklup dy't soks oanbiedt. FC Twente docht it al jierren en De Graafschap en Roda JC binne der ek krekt mei begûn.

Trefwurden: 
SC Cambuur kiste útfeart
(advertinsje)