Oanlis Dokkumer Lokaaltsje set útein

15 nov 2011 - 10:04

De rekonstruksje fan de ferneamde spoarline dêr't eartiids it Dokkumer Lokaaltsje op ried, set tiisdei útein. Dêrfoar wurdt by Moarre in stik spoar oanlein. It giet om it earste trajekt fan Jelsum nei fakânsjebungelowpark Esonstêd.

It nije stik leit by it stasjon fan Moarre. De Stifting Noord Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij is de opdrachtjouwer fan it nije stik spoar.

(advertinsje)