Gemeente Súdwest-Fryslân stipet Voedselbanken mei tekoarten

25 mrt 2020 - 11:53

De Voedselbanken Snits-Wymbritseradiel en Boalsert krije in finansjele bydrage fan de gemeente Súdwest-Fryslân. De Voedselbanken hienen oer 2019 in tekoart dat no troch de gemeente oanfolle wurdt. Yn Snits giet it om in bedrach fan 4.000 euro, Boalsert siet foar 1.500 euro yn de min.

Doazen mei iten yn de Voedselbank - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

De twa fiedselbanken draaiden al jierren sûnder subsydzje, mar neffens de fiedselbanken is dit net mear fol te hâlden. "We binne bliid mei de bydrage oer 2019, mar we meitsje ús soargen oer de takomst", seit Tom Metz fan de Snitser Voedselbank.

Wethâlder Gea Wielinga hat tasein de mooglikheden foar jierlikse subsydzje te ûndersykjen. De Voedselbank yn Snits freget om 12.000 euro per jier, wylst dy yn Boalsert ferlet hat fan 5.000 euro yn it jier.

Yn Snits binne tusken de 55 en 75 húshâldingen ôfhinklik fan fiedselhelp, yn Boalsert sit dat tusken de 35 en 70 húshâldingen.

Coronafirus

De Voedselbanken yn Snits en Boalsert hawwe noch net in soad lêst fan de coronakrisis. "De coronakrisis is hiel ferfelend, mar it har foar ús as foardiel dat we in soad itenswaren oanlevere krije fan hotels en restaurants dy't no sletten binne. Dy bliuwe der oars mei sitte", sa seit Metz.

(advertinsje)
(advertinsje)