WK frisbee yn Ljouwert giet net troch

25 mrt 2020 - 10:59

It wrâldkampioenskip frisbee, dat yn july holden wurde soe yn Ljouwert, giet net troch. Dat komt troch it coronafirus. De ferwachting wie dat der tusken de 2.500 en 3.500 minsken út it bûtenlân nei Ljouwert komme soene foar it WK.

Frisbee yn aksje - Foto: Neil Gardner

"Net als bij veel andere sportevenementen worden er nu al maatregelen getroffen in verband met het coronafirus", seit Rein Verweijen fan de organisaasje. "Er zit heel veel voorbereiding en organisatie in. Dat komt allemaal stil te liggen en daarom heeft de internationale federatie ervoor gekozen om alle evenementen de komende zes maanden af te gelasten."

Oft it WK op in letter momint dochs yn Ljouwert holden wurdt, is noch net bekend. "We hopen er wel op, maar het is nu nog te vroeg om te zeggen", fertelt Verweijen. It wurdt yn alle gefallen dreech om it te plannen, want de frisbee-aginda stiet frij fol.

De provinsje Fryslân hie 75.000 euro beskikber steld foar it plan om it WK yn Fryslân te hâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)