Alle ynwenners fan Sint-Jabik krije boskje tulpen as hert ûnder de riem

25 mrt 2020 - 10:58

Alle ynwenners fan Sint-Jabik waarden woansdeitemoarn ferrast troch frijwilligers fan de aktiviteitekommisje fan multyfunksjoneel sintrum 't Beerdhuus yn it doarp. De frijwilligers bringe woansdei by de doarren fergees in boskje tulpen del, om de ynwenners in hert ûnder de riem te stekken ûnder de coronakrisis.

It giet om sa'n fiifhûndert boskjes blommen, foar elk húshâlding ien. "Binne de minsken net thús, dan komme we letter wer. Mar we tinke dat we fierwei de measten de blommen oanbiede kinne, want de measte minsken wurkje no thús", seit Oene Krist fan it MFC.

Aktiviteitekommisje

Ien fan de leden kaam op it idee doe't se in advertinsje fan in Fryske blommekwekerij seach op Facebook. "Dy sieten noch mei in grutte partij tulpen", seit Krist. "Doe tochten we: no kinne we ús as MFC dochs sjen litte, ek al binne we ticht. Dan bringe we it MFC nei bûten. Doe wie it nei fiif minuten yn de bestjoerlike app klear."

It bestjoer fan it MFC tinkt dat de minsken yn dizze tiid wol ferlet hawwe fan in boskje blommen. "We hawwe allegear te meitsjen mei it coronafirus. Dat is 'doodeng'. Dus dit is even in hert ûnder de riem", sa seit Krist.

De tulpen yn Sint-Jabik - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ferslachjouwer Johanna Brinkman en Oene Krist fan it MFC

Trefwurden: 
Sint-Jabik tulpen coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)