Giet Roze Zaterdag troch? Dat is noch ûnwis

25 mrt 2020 - 10:43

Oft de lanlike Roze Zaterdag yn Ljouwert op 20 juny trochgean kin, is noch net dúdlik. Organisator Margot Hoiting seit dat der noch gjin beslút oer nommen is. By dit evenemint wurde 20.000 minsken ferwachte.

Foto: Omrop Fryslân

Mei de besteande maatregels tsjin it coronafirus soe it organisearjen ûnmooglik wêze, mar Hoiting seit dat der noch drok oerlein wurdt mei alle partijen dy't by de organisaasje belutsen binne. It evenemint samar mei in jier útstelle kin net. Offisjeel is Rotterdam al oanwiisd as gasthear foar 2021.

City Proms

Datselde jildt foar City Proms, in wike letter, dat ûnder deselde organisaasje falt. It festival mei klassike muzyk is yn de binnenstêd fan Ljouwert.

Neffens Hoiting is it in foardiel dat beide eveneminten fergees tagonklik binne, der hoecht gjin rekken hâlden te wurden mei kaartferkeap.

Nei alle gedachten wurdt begjin takom wike definityf dúdlik oft Roze Zaterdag trochgean kin.

(advertinsje)
(advertinsje)