Plysje krijt twa tips oer fraudesaak mei Ljouwerter slachtoffer

25 mrt 2020 - 09:44

De plysje hat twa tips krigen oer in fraudesaak, dêr't in frou út Ljouwert slachtoffer fan wurden is. It telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht joech tiisdei omtinken oan de saak. Twa Rotterdammers wurde derfan fertocht dat se de rekkening fan de frou leechhelle ha.

Foto: Plysje

De frou hie sieraden te keap oanbean op Marktplaats. In saneamde keaper hie ynteresse, mar stjoerde har nei in falske webside. Doe't sy dêr har bankgegevens ynfolle hie, koene de kriminelen direkt by har jild.

Jild opnommen yn Rotterdam

Net folle letter waard it jild fan har rekken opnommen by in jildautomaat yn Rotterdam. De man dy't dat die, is fêstlein op kamera. Letter op 'e jûn pinde er ek by in oare jildautomaat yn Ljouwert, doe mei in freon.

Opsporing Verzocht hat tiisdeitejûn de bylden fan de befeiligingskamera's útstjoerd. Nei oanlieding dêrfan binne dus twa tips binnenkaam.

(advertinsje)
(advertinsje)