Gjin besikers mear yn wensoarchsintra: "Grutte feroaring foar ús bewenners"

25 mrt 2020 - 09:38

De corona-maatregels fan it kabinet falle swier by guon minsken dy't yn wensoarchsintra wenje. Harren famylje mei al efkes net mear op besite komme, en dat is dreech foar bewenners dy't dêrop rekkenje. Ek yn de Herbergier Bartlehiem yn de âld suvelfabryk fan Wyns is famylje net mear wolkom, lykas de frijwilligers. "Dat is in grutte feroaring foar ús bewenners", seit Oeds Visser, eigener fan Herbergier Bartlehiem.

Foto: Omrop Fryslân

"Foar in grut diel fan de bewenners giet it libben gewoan troch, dy misse it net sa. Dat komt troch de demintens, dy binne al gau kwyt dat de maatregels der binne. Mar der binne ek wol bewenners dy't it bewuster meimeitsje en dêr is it wol lestich foar", seit Visser.

Kontakt mei bûtenwrâld

Gewoanwei binne besikers de hiele dei wolkom yn de Herbergier. "It makket in belangryk ûnderdiel út fan it libben fan de minsken hjir. Dat harren kontakten mei de bûtenwrâld gewoan trochgean kinne. Dat kin no net mear, teminsten net op dizze wize."

Gelokkich hat de digitale wrâld foar guon bewenners in oplossing. "We hawwe manieren fan byldbelje. Dan kinne de minsken kontakt mei-inoar hawwe fia in iPad. Der binne al in tal fan famyljeleden dy't dat brûke, dat is in moaie metoade", seit Visser. "Hielendal foar de famylje is it moai, want foar harren is it miskien wol mear yngripend dat se har heit of mem net besykje kinne."

Genôch personiel

De Herbergier Bartlehiem hat noch net te krijen mei sykte ûnder it personiel. "Eins is der mar ien thús en dy hat net wat mei corona. Dus it sjocht der goed út. Yn april krije we der sels in nije meiwurkster by. We sitte rom yn it personiel, dus dêr bin ik hiel bliid mei", sa seit Visser. "En ek mei alle bewenners giet it noch goed."

Eigener Oeds Visser fan Herbergier Bartlehiem

Trefwurden: 
Wyns Herbergier Bartlehiem
(advertinsje)
(advertinsje)