Kollum: "Reprize"

25 mrt 2020 - 08:41

"Al moannen foardat it wurd corona bestie, rûnen der alle dagen, as it net reinde teminsten, twa manlju troch Heech. Tachtigers, sa te sjen. It nuvere fan dy mannen wie dat de iene tsien meter efter de oare rûn, wylst de stoepe breed genôch wie.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Ik tocht earst dat de iene de oare ynhelle hie, mar it blykte dat se ûnderweis ek wol dingen nei elkoar rôpen. En se hiene itselde jaske oan, tagelyk kocht. Se hearden by elkoar. Mar wêrom dy tsien meter dan. Ik kaam se fan 'e wike wer in pear kear tsjin. Ik ha 't net frege, mar tocht moai, dizze risikogroep hat de oardel meter al ta útgongspunt naam foardat de corona der wie.

Corona dus. Ik wie frege troch de freonen fan de Omrop om op 22 april wat te fertellen oer de fjirtich jier dat ik by de Omrop wurke ha. Fansels fregen se derby om spesjaal efkes omtinken te jaan oan de sniewinter fan 1979. Prima, want dêrtroch is dy freoneklup úteinlik ek oprjochte.

Dy byienkomst giet fansels net troch. Oars hie 'k dêr fertelle kinnen dat we doe yn '79 in wike itselde hienen wat we no al tiden ha en noch ha sille. It wie wol wat in folsleinere lockdown, de bergen snie behinderen alle ferpleatsen. Mar fansels is it no folle slimmer mei dy freeslike sykte derby. Doe foelen der gjin deaden. Al ha we der op de earste dei wol oer ynsitten, wie elk op tiid út syn ynsneide auto krûpen. Ja.

As je noch in fergeliking dogge, doe wie de mienskipssin wol hiel wat goller as no. We spuie no raar guod op Facebook as pasjinten út de oerfolle Brabânske sikehuzen nei it noarden brocht wurde. En it optreden fan kriminelen dy't de sjippe en hângel fan de winkeltaffeltsjes rôvje sadat in oar neat mear skjin meitsje kin, is de inketswarte tekening fan ús yndividualiteit.

Dat hienen we yn '79 net. Der waarden krekt as no allegear dingen betocht om oaren te stypjen. In plastic tas oan de doarkruk joech oan dat je graach woenen dat immen foar je boadskippe. Elkenien holp mei. We dienen alles sels. De polityk die net mei, want dy koenen elkoar net berikke. Inkeld fia de radio en wy stjoerden dat allegear út, fiif dagen lang. Foar ús wie alles nij, sa't it no foar Hilversum nij is. Alles gie fia ús. It wie de berte fan Omrop Fryslân.

Der binne no ek allerhande aksjes dy't prima binne en wêryn't de echte mienskip te werkennen is. Miskien dat soks wol mear betsjut as de minne dingen, dy't no nei foaren komme om't elk syn of har miening jaan kin op de sosjale media en dat ek docht. En dy miening moat heaks stean op de wenstige gong fan saken of op it oerheidsbelied. Want je ha dochs inkeld mar sels gelyk, in oar net.

As je wat âlder binne en je binne yn tinzen oer wat der allegear op 't heden bart, sjogge je noch mear nei it ferline. Nee, ik ha 1866 doe't de PC net trochgie fanwege in goalera-epidemy, net meimakke. De Spaanske gryp fan 1918 ek net. Ik kom pas op 'e proppen mei de oaljekrisis fan 1973. Doe't we autoleaze sneinen hiene. Mar ik siet yn de organisaasje fan in wrâldkampioenskip moderne ritmyske gimmestyk yn Ahoy Rotterdam. Presys, dêr wêr't Hessel no net yn koe en ek it Eurovisie Songfestival net trochgiet. Doe gie alles troch en ik mocht dy sneins ek gewoan ride. Dus ik murk it net.

By de MKZ-krisis yn 2001 waarden we ek net feralterearre. Ja, kollega Sjouke Lousma moast troch in tobke desynfektearjend wetter bargje as hy syn deistige ferhaal opnaam mei de doe allinnich noch boer wêzende Sjoerd Galema fan Hartwert. Wol in soad ach en wee, mar hiel slim wie it no ek wer net.

Mar no. Ik ryd troch Wâldsein. Moat wachtsje op in fytser. In sechstiger sa te sjen. Dúdlik ien dy't ferlegen is mei syn opleine frijheid, want dêr kinne we net oer. Hy set de fyts del en skuort oan de doar fan de snackbar, it is ommers tsjin de middei. Ticht. De man skoddet de holle en stapt wer op de fyts. Hy begrypt der neat mear fan."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)