Sutelje troch De Lege Geaën yn coronatiid: doaske sinten stiet bûten klear

De sosjale kontakten drûgje ûnderweis wol wat op foar twa Fryske sutelers. En eins fine sy dat mei it each op de coronakrisis ek wol goed. Sutelje mei iten of oare saken by de huzen del hat al lang net mear de omfang dy't it yn it ferline wol hie. Mar yn De Lege Geaën binne der noch twa aktyf, op it plattelân tusken Snits en Reduzum.
Bernard Abma by syn griente en fruit © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Sútelje yn Coronatiden
"Ik krij no ek wolris in appke fan set it mar by de doar del. No, dat ha ik noch noait belibbe. Wy hawwe altyd wol in praatsje of efkes kontakt. It is wol hiel oars dan. It wie foarhinne sa dat de minsken by de auto komme en der omhinne rûnen om wat út te sykjen. Ik hie fansels ek in hiel soad klanten dy't in amer klear lizzen hiene mei in briefke der yn en dat stimulearje ik no ek", seit Bernard Abma fan Tersoal.

Ofstân hâlde

Hy giet mei in grientekar troch de buorren en bûtenút yn en by sa'n njoggen doarpen fan Reduzum oant Snits ta. Mear klanten krijt hy net, mar der binne wol guon dy't no wolris wat ekstra's keapje. Guon minsken fine it ek dreech om foldwaande ôfstân te hâlden en earlik sein moat Abma der sels ek geregeld efkes goed om tinke. Oan de oare kant kin ien suteler wol in hiel soad boadskipperitsjes nei de winkel foarkomme en dus mominten wêrop't minsken yn kontakt komme kinne mei oare minsken dy't besmet wêze kinne.
Suteler Jaring Ypma © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Jaring Ypma fan Gau is yn deselde streek as Abma ûnderweis mei bôle en banket: De Lege Geaën. Hy betsjinnet tusken de 200 en 250 klanten. Ypma: "Ik fernim wol dat de minsken wat mear ynslaan. Of sy helje twa bôlen foar de dochter. En sa no en dan sjogge je in klant dy't je earst wat minder geregeld seagen. Ja, je fernimme der wol wat fan."
Ek Ypma sjocht dat minsken bytiden fan it persoanlike kontakt ôfsjogge: "Lis it mar op de hage, hearre je wolris. En ik wie krekt by in klant dêr't in pear bern my altyd helpe de bôle oan te pakken. Mar no stie it doaske klear mei de sinten deryn en stiene sy efter it rút te swaaien. Dat is dochs wol hiel apart."