GGD Fryslân hat spesjaal testsintrum foar soarchmeiwurkers
Der is in nij testsintrum yn Ljouwert spesjaal foar minsken dy't yn de soarch wurkje. Se kinne dêr test wurde, as sy tinke dat sy besmet binne mei it coronafirus. Mei it nije sintrum kin de GGD Fryslân effisjinter wurkje.
"Een huisarts of een andere zorgverlener neemt contact met ons op en als er een noodzaak is om te testen, nodigen wij die persoon uit", seit Everhard Hofstra, dokter ynfeksjesyktebestriding by GGD Fryslân. Earder giene se nei de minsken ta, mar dat koste in soad tiid en middels. "Omdat daar nu schaarste aan is, hebben we gezegd: we maken één centrale locatie." In meiwurker hoecht dan net hieltyd fan beskermingsklean te wikseljen foar elke húsbesite.
Fêststelde tiid
De minsken dy't test wurde, moatte op in fêststelde tiid delkomme en komme om beurten nei binnen ta. "Zodat zij geen andere cliënten tegenkomen. Als zij te ziek zijn om langs te komen, doen we ook nog thuisbezoeken." Der wurde no sa'n 10 oant 15 minsken deis test en binnen twa dagen krije se de útslach. "Ook kwetsbare groepen testen we in sommige gevallen nog."
Gearwurking
Yn Grinslân wie der al sa'n spesjaal testsintrum. "In Fryslân gaan we samenwerken met het MCL, zodat hun medewerkers en ook medewerkers van andere zorginstellingen, als daar behoefte aan is, gebruik kunnen maken van onze testlocatie." De GGD is tebekhâldend mei it bekend meitsjen fan de lokaasje fan it testsintrum, omdat se foarkomme wolle dat elkenien der út himsels hinne giet.