Liveblog | 25 maart 2020

Coronanijs woansdei 25 maart: "Sitewaasje Fryslân liket stabyl", ek Fiskerijdagen ôfsein

Folgje ús liveblog om op 'e hichte te bliuwen fan it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 8 april 2020, 11:07
22:44

Ein fan dit liveblog

Oant safier it liveblog fan woansdei 25 maart oer de coronakrisis. Wy sette noch ien kear de belangrykste punten út dit liveblog op in rychje:
Tongersdei is der wer in nij liveblog. Ek op radio en telefyzje kinne jo by ús telâne foar al it lêste nijs.
22:07

Circus Renz stiet fêst

© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Circus Renz stiet fêst by it Frysk kongressintrum yn Drachten en kin gjin kant op. Se dogge in needgjalp foar help, want it gefaar is dat de bisten daliks gjin fretten mear hawwe.
Lês mear hjiroer yn ús artikel.
21:28

Fiskerijdagen yn Harns kinne net trochgean

De organisaasje fan de Fiskerijdagen yn Harns hat fannejûn bekendmakke dat se it evenemint dit jier net foarinoar krije kinne. De Fiskerijdagen wurde gewoanwei altyd ein augustus organisearre, mar trochdat de tarieding no midden yn de coronakrisis falt, is it net mooglik om dit goed te dwaan.
Lês hjir mear oer it it beslút fan de organisaasje.
20:45

Needwet foar gemeenterieden en Steaten

It kabinet komt mei in needwet om gemeenterieden en Provinsjale Steaten de mooglikheid te jaan om digitaal te fergaderjen en te stimmen. Minister Raymond Knops fan Binnenlandse Zaken sei earder al dat riedsleden en Steateleden allinnich byinoar komme moasten as it echt needsaaklik wie.
"Met het oog op de vele gewichtige maatschappelijke opgaven is het van groot belang dat het openbaar bestuur zoveel mogelijk blijft functioneren", fynt Knops. Hy komt "zo spoedig mogelijk" mei in wiziging fan de wet, dy't no noch seit dat gemeenterieden en Provinsjale Steaten allinnich stimme kinne as se fisyk byinoar binne.
Betingst is wol dat de gearkomsten en beslútfoarming iepenbier te folgjen wêze moatte. Bygelyks trochdat boargers meisjen kinne fia in fideoferbining.
20:22

Treast-tv yn krisistiid: De Alvestêdetocht fan 1985

20:08

Folsleine húshâlding thús by ferkâldens, koarts as benaudens

De maatregel dat in folsleine húshâlding thúsbliuwe moat as ien fan harren ferkâlden is, it benaud hat of koarts hat, is tige wichtich yn de striid tsjin it coronafirus. Dat sei premier Mark Rutte fannejûn yn in spesjale parsekonferinsje.
Rutte fynt dat dizze maatregel noch te min bekend is by de minsken, fandêr dat er der nochris op hammere.
Dus: is immen yn je húshâlding siik, moat elkenien thúsbliuwe.