LIVEBLOG: "Sitewaasje Fryslân liket stabyl", ek Fiskerijdagen ôfsein

25 mrt 2020 - 17:45

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:44
Ein fan dit liveblog

Oant safier it liveblog fan woansdei 25 maart oer de coronakrisis. Wy sette noch ien kear de belangrykste punten út dit liveblog op in rychje:

  • Der binne woansdei troch de GGD tolve minsken yn Fryslân registrearre mei it coronafirus
  • Coronafirus ek oantroffen yn rioelwetter
  • De grutte eveneminten mei 75 jier frijheid binne trochskood nei takom jier
  • De swimalvestêdetocht fan Stefan van der Pal giet definityf net troch
  • De Fiskerijdagen yn Harns fan augustus, binne ôfsein
  • Hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert slút oant 1 juny de doarren fan alle lokaasjes foar studinten en meiwurkers

Tongersdei is der wer in nij liveblog. Ek op radio en telefyzje kinne jo by ús telâne foar al it lêste nijs.

22:07
Circus Renz stiet fêst
Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Circus Renz stiet fêst by it Frysk kongressintrum yn Drachten en kin gjin kant op. Se dogge in needgjalp foar help, want it gefaar is dat de bisten daliks gjin fretten mear hawwe.

Lês mear hjiroer yn ús artikel.

21:28
Fiskerijdagen yn Harns kinne net trochgean

De organisaasje fan de Fiskerijdagen yn Harns hat fannejûn bekendmakke dat se it evenemint dit jier net foarinoar krije kinne. De Fiskerijdagen wurde gewoanwei altyd ein augustus organisearre, mar trochdat de tarieding no midden yn de coronakrisis falt, is it net mooglik om dit goed te dwaan.

Lês hjir mear oer it it beslút fan de organisaasje.

20:45
Needwet foar gemeenterieden en Steaten

It kabinet komt mei in needwet om gemeenterieden en Provinsjale Steaten de mooglikheid te jaan om digitaal te fergaderjen en te stimmen. Minister Raymond Knops fan Binnenlandse Zaken sei earder al dat riedsleden en Steateleden allinnich byinoar komme moasten as it echt needsaaklik wie.

"Met het oog op de vele gewichtige maatschappelijke opgaven is het van groot belang dat het openbaar bestuur zoveel mogelijk blijft functioneren", fynt Knops. Hy komt "zo spoedig mogelijk" mei in wiziging fan de wet, dy't no noch seit dat gemeenterieden en Provinsjale Steaten allinnich stimme kinne as se fisyk byinoar binne.

Betingst is wol dat de gearkomsten en beslútfoarming iepenbier te folgjen wêze moatte. Bygelyks trochdat boargers meisjen kinne fia in fideoferbining.

20:08
Folsleine húshâlding thús by ferkâldens, koarts as benaudens

De maatregel dat in folsleine húshâlding thúsbliuwe moat as ien fan harren ferkâlden is, it benaud hat of koarts hat, is tige wichtich yn de striid tsjin it coronafirus. Dat sei premier Mark Rutte fannejûn yn in spesjale parsekonferinsje.

Rutte fynt dat dizze maatregel noch te min bekend is by de minsken, fandêr dat er der nochris op hammere.

Dus: is immen yn je húshâlding siik, moat elkenien thúsbliuwe.

19:51
Nij kampanjefilmke fan de oerheid: Alleen Samen
19:38
Lintsjerein giet troch

De tradysjonele Lintsjerein giet troch, mar wol yn oanpaste foarm. Dat lit de Kanselarij der Nederlandse Orden witte.

De boargemasters sille op 24 april persoanlik kontakt opnimme mei de ûngefear 3000 minsken dy't in lintsje krije. Letter op de dei komme de nammen fan de lokkigen yn in spesjale edysje fan de Staatscourant te stean, dit is net oars as oars.

Om't de lintsjes troch de coronamaatregels net opspjelde wurde kinne, sil troch de Kanselarij socht wurde nei in letter momint. Dit sil in lanlik momint wurde, dêr't ek freonen en famylje by wêze kinne.

19:29
Gerjochtsgebouwen langer ticht

Yn ferbân mei de coronakrisis bliuwe de gerjochtsgebouwen ek nei 6 april sluten. Dat hat de Raad voor de Rechtspraak bekendmakke. Sûnt 17 maart wurde allinnich urginte saken behannele, sûnder publyk.

Wol sil it tal saken dat ynhâldlik behannele wurdt útwreide wurde. Skriuwt de NOS.

19:12
Mear pasjinten op ien apparaat

Om't it tal pasjinten op de intensivecareôfdielingen noch hieltyd omheech giet, meitsje dokters har klear op in needoplossing. De Nederlandse Vereniging voor Intensive Care (NVIC) hat in hantlieding publisearre wêryn't útlein wurdt hoe't yn it uterste gefal twa as sels mear pasjinten op ien beazemingsmasine lein wurde kinne.

"Wij hopen dat het niet zover komt, maar we vragen jullie het document en de mogelijkheden bij jullie te bekijken, voor het geval de leveringen te laat zijn en de noodzaak er wel is", skriuwt de NVIC oan de efterban.

19:02
Takom wike mear dudlikheid

It kabinet wol takom wike tiisdei, 31 maart, mear dúdlikheid jaan oer hoe't it fierder moat nei 6 april. In soad maatregels sa as dy no jilde, binne oant 6 april fan krêft.

18:14
Hoe giet De Friesland mei dizze krisis om?

Ek by soarchfersekerder De Friesland is it alle hens aan dek wat de coronakrisis oanbelanget, seit bestjoerder Steven Hofenk. "Je staat natuurlijk altijd stil bij iedereen die geraakt wordt", fertelt er. "Wij zijn aan het kijken om alles zo goed mogelijk te regelen."

Lês mear oer hoe't De Friesland mei dizze krisis omgiet yn ús artikel.

18:05
"Sitewaasje yn Fryslân stabyl"

De sitewaasje mei it coronafirus yn Fryslân liket stabyl te wêzen, sa seit Margreet de Graaf fan de GGD Fryslân. It tal positive testen rint stadichoan op. Dat rint lyk mei de lûden fanút it RIVM, dat de stiging minder fluch liket te gean. "Dat betekent dat je nog wel een groei ziet, maar niet meer zo ontzettend hard als dat het ging."

Harkje nei in petear mei Margreet de Graaf fan de GGD

17:48
Fryske topsporters oer it útstellen fan de Spelen
17:46
Ald-Ljouwerter yn lanlik team

Om de coronakrisis sa goed mooglik ûnder kontrôle te hâlden, is der in nij krisisteam opset, dat wurket fan in brânwachtkazerne yn Zeist út. It team stiet ûnder lieding fan in Fries om utens IJle Stelstra. Dy komt oarspronklik fan Ljouwert.

It team hjit it Landelijk Operationeel Team Corona (LOT-C). Yn dit team wurkje plysje, brânwacht, genêskundige tsjinst, definsje en feiligensregio's gear. Lês hjir mear oer dit team.

17:21
Hoe rint it yn húshâldings?

It duorret noch efkes foardat de skoallen wer iepengean. Hoe geane je dêr as húshâlding mei om? Wy sochten de famylje Pasveer fan de Jouwer op.

17:11
Friezen yn it bûtenlân yn krisistiid

In petear mei trije Friezen yn it bûtenlân

It coronafirus soarget oeral op de wrâld foar problemen, en strange maatregels. Yn it radio-programma Weistra op Wei prate wy mei Jan Ketelaar fanút Italië, Douwe Gerlof Heeringa fanút België en Sierd van der Bij fanút Súd-Afrika. Sy fertelle hoe't de sitewaasje no by harren is.

17:05
Tips foar minsken mei hynders

Minsken mei in hynder as in hynstehâlderij krije ekstra ynformaasje fan de KNHS. De Koninklijke Nederlandse Hippische Sportfederatie (KNHS) komt nammentlik mei in digitaal programma foar har leden. Dat hat algemien direkteur Theo Fledderus bekendmakke. Meardere bûnen hawwe plannen dy't hjirop lykje.

"We zijn volop bezig om te kijken of we op een digitale manier toch iets voor onze leden en startpashouders kunnen doen", skriuwt Fledderus yn in ferklearring. "We maken filmpjes waarin we tips geven over paardrijden en paardenverzorging. We maken hoogwaardige instructiefilms waarin de beste trainers die we hebben je leren hoe je beter wordt. We gaan het op korte termijn mogelijk maken dat je de video van je eigen proef kunt laten beoordelen door deskundige juryleden."

Yn de Nederlânske hynstesport wurde alle jierren miljarden omset. Njonken de topsport is der ek breedtesport, hannel en fokkerij.

16:28
Spesjale coronarûtes

Thússoarchorganisaasje KwadrantGroep yn Drachten hat alfêst seis rûtes betocht, dy't de meiwurkers folgje moatte, as sy minsken mei it coronafirus helpe moatte. Op elke rûte wurde fjouwer oant seis soarchmeiwurkers ynset dy't dan allinnich dý rûte dogge.

Lês hjir mear oer yn ús artikel hjiroer.

16:18
Coronamaatregels yn Roemenië
Foto: Marten Engbrenghof

Yn Nederlân jilde op dit stuit strange regels om fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean. Mar noch net sa strang as yn Roemenië. Dêr wennet de 69-jierrige Fries om utens Marten Engbrenghof (earder fan Snits).

"Ik mei as 65-jierrige de strjitte net mear op", sa fertelt Engbrenghof fanút syn hûs yn Richis (Reichesdorf) yn it gebiet Transsylvanië yn Roemenië. Allinnich as hy in spesjaal formulier fan it Roemeenske regear ynfolle hat, kin hy syn hûn noch útlitte.

Harkje nei in petear mei Marten Engbrenghof

16:14
Aktiviteiten 75 jier frijheid fersobere en ferset

De aktiviteiten by 75 jier befrijing wurde dit jier bot fersobere. Dit betsjut dat de eveneminten yn in oare foarm trochgean sille, of hielendal komme te ferfallen. Dat hat de provinsje bekendmakke.

De Provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert sille op in letter momint besjen oft in tal aktiviteiten ek trochskood wurde kinne nei 2021.

Eveneminten dy't net troch geane, binne ûnder oare it befrijingsfestival, de Terugkeer van de Joodse Kinderen, de toanielfoarstelling Skaad, en it teäterstik De Joodse Bruiloft.

15:52
Maksimaal fiif yn de miljeustrjitte

Yn de miljeustrjitten fan de gemeente Súdwest-Fryslân wurde tenei maksimaal fiif auto's as buskes talitten. Dit is neffens de gemeente nedich om de ôfstân fan 1,5 meter tusken besikers garandearje te kinnen. De nije maatregel sil mooglik soargje foar langere wachttiden by de miljeustrjitten.

De gemeente freget minsken ek om eventuele besites oan de miljeustrjitten dêr't it kin, út te stellen. "We begrijpen dat mensen juist in deze tijd gaan opruimen. Heb je thuis mogelijkheden om je afval tijdelijk om te slaan? Dan willen we je vragen om op een ander moment te komen."

15:35
Chloroquine

It RIVM hat út foarsoarch it malaria-medisyn chloroquine ynkocht om it coronafirus te bestriden. Chloroquine is in medisyn tsjin malaria. Fan chloroquine is noch net wittenskiplik bewiisd dat it wurket tsjin Covid-19, dy't troch it coronafirus feroarsake wurdt.

15:27
Winkelprotokol

Winkellju krije fan hjoed ôf in spesjaal protokol om derfoar te soargjen dat klanten genôch ôfstân fan inoar hâlde. De rjochtlinen moatte op de winkelruten of yn de etalaazje ophongen wurde, en binnendoar werhelle wurde.

Winkellju moatte derfoar soargje dat der net tefolle minsken tagelyk yn de winkel binne. Klanten moatte 1,5 meter ôfstân hâlde, harkje nei it winkelpersoniel en safolle mooglik mei de pin betelje. It protokol moat winkelpersoniel helpe 'om klanten ienfâldich oansprekke te kinnen as se de regels net neilibje.'

15:06
"Competites minstens maand uitgesteld"

Neffens de direkteur fan it spilersbûn VVCS wurde de fuotbalkompetysjes yn hiel West-Europa ferskood. "Het kan niet anders dan dat alle voetbalcompetities in het westen van Europa met minimaal een maand worden opgeschoven." Neffens him is FIFA no drok dwaande om dit te fasilitearjen.

De finansjele ramp is hast net te oersjen as de kompetysjes foar 30 juny ôfwurke wurde moatte, sa't de UEFA dat no noch wol. Neffens de accountants fan KPMG rinne dan allinnich al de grutte kompetysjes fan Ingelân Spanje, Dútslân, Italië en Frankryk al fjouwer miljard euro mis. "Dan zijn de gevolgen zo groot", seit Everard. "Dat kan gewoon niet. Dan vallen er veel clubs om."

14:57
Aktuele situaasje Coronapasjinten yn Fryslân (boarne: RIVM)
14:47
Lanlik 80 nije deaden

Yn hiel Nederlân binne de ôfrûne 24 oeren 80 minsken stoarn oan it coronafirus. It totale tal deaden leit no op 356.

It RIVM meldt ek dat der yn totaal 1836 minsken yn it sikehûs opnaam binne, as west hawwe. Dat binne der 341 mear as juster, doe't it om 1495 minsken gie. Juster wie it getal mei 265 omheech gien.

14:38
NHL Stenden oant 1 juny ticht

Hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert slút oant 1 juny de doarren fan alle lokaasjes foar studinten en meiwurkers. Oant dy tiid giet de skoalle troch mei it jaan fan online ûnderwiis. Mochten de coronamaatregels fan de oerheid yn de tuskentiid ferromme wurde, dan sil de situaasje opnij besjoen wurde.

14:31
Swimalvestêdetocht Stefan van der Pal skrast

De swimalvestêdetocht fan atleet Stefan van der Pal út Ljouwert wurdt skrast troch de coronakrisis. Dat hat hy sels niiskrekt bekend makke. It doel wy dat hy tongersdei 2 july úteinsette soe. Hy soe by De Harmonie yn Ljouwert yn it wetter gean, tagelyk mei 111 meiswimmers. De finish soe op snein 5 july wêze.

14:13
Tolve nije positive tests yn Fryslân

Yn Fryslân binne der tolve nije gefallen fan coronabesmetting fêststeld yn de ôfrûne 24 oeren. It totaal registrearre coronapasjinten komt dêrmei op 54. It giet om minsken út ferskate Fryske gemeenten. GGD Fryslân fiert, yn guon gefallen mei belutsen sikehuzen, kontaktûndersyk út. Net earder kamen der safolle positive tests yn ien dei nei foaren yn Fryslân.

Ien fan de nije gefallen is in meiwurker fan it Antonius Sikehûs yn Snits.

13:41
Iepenloftspul Vinea Domini ferskood

It iepenloftspul Vinea Domini fan de Stichting Lokaasje Teäter Blauhûs is ferpleatst nei takom jier. De foarstellingen soene yn de simmer fan dit jier wêze, mar troch de ferskate coronamaatregels lizze de repetysjes al in skoft stil.

Sa't it no stiet, wurdt it iepenloftspul yn 2021 opfierd op 25 juny, 1 july, 2 july en 3 july. De 600 ferkochte kaarten bliuwe jildich.

12:47
Riedsgearkomsten meie trochgean

Gemeenten hoege de riedsgearkomsten net langer allegear te skrassen. Dat docht bliken út de oanfoljende coronamaatregels dy't dizze woansdei bekendmakke binne. Betingst is wol dat de riedsleden mear as oardel meter útelkoar sitte kinne. Dizze útsûndering is dien om it bestjoeren fan gemeenten en it nimmen fan besluten wol trochgean te litten. Neffens Rieks Osinga, bestjoerskundige fan de Thorbecke Akademy, is dat in goede saak. "We weten niet hoelang de crisis gaat duren en de democratie moet wel kunnen functioneren. Dus het is goed dat het kabinet deze uitzondering maakt."

Rieks Osinga, bestjoerskundige fan de Thorbecke Akademy

12:37
Mear coronadeaden yn Spanje as yn Sina

Yn Spanje binne der no mear coronadeaden teld as yn Sina. Yn it Súd-Europeeske lân binne yntusken 3434 minsken oan it firus ferstoarn, tsjin 3285 yn Sina. Der binne yn Spanje 47.610 besmettingen fêststeld en mear as 5300 minsken binne wer better wurden. In Italië binne oant no ta de measte coronadeaden teld: 6820.

12:23
Maatregels yn treinen

Ferfierder Arriva slút in part fan de kûpees yn de treinen ôf om de masinisten better te beskermjen tsjin it coronafirus. Dêrtroch kinne de reizgers net yn de stiltekûpees en de earste klasse sitte. Dat meldt RTV Noord.

12:05
Genôch bêden op IC yn Fryslân

Der binne op it stuit genôch bêden foar coronapasjinten op de intensive care yn Fryslân. Dat seit Margreet de Graaf fan de GGD. De fersprieding fan it firus giet yn ús provinsje hiel stadich en lang net sa eksploasyf as yn Brabân. Neffens De Graaf hat dat ûnder oare te krijen mei it feit dat der yn Fryslân amper karnaval fierd is.

Margreet de Graaf fan de GGD

11:53
Takom wike mooglik tekoart oan IC-bêden

"Het is op het moment echt spannend", seit Diederik Gommers, foarsitter fan de Nederlandse Vereniging voor Intensive Care. Hy ferwachtet dat der yn april te min intensive care-bêden binne.

"Als we kijken naar de voorspelling van het RIVM dan kunnen we uitgaan van 1600 patiënten op de intensive care op 1 april. Die bedden hebben we niet", seit Gommer. "Niet iedereen is even ver. We zien dat Brabant verder is omdat daar de druk hoger is."

11:36
Thúswurkers krije lichaamlike klachten

No't in soad minsken thúswurkje moatte fanwege de coronacrisis, nimme lichaamlike klachten ta by harren. By de Arbo Unie, de lanlike tsjinstferliener yn de bedriuwssûnens, krijt hieltyd mear sinjalen oer wurknimmers dy't it dreech hawwe as se oan de keukentafel of op de bank achter harren byldskerm sitte. Der binne foaral klachten oan de nekke, earms, skouders en rêch. Ek ha de thúswurkers mear te krijen mei stress troch bygelyks harren boartsjende bern of de wifi dy't it net goed docht by it online oerlizzen.

De Arbo Unie jout tal fan tips om klachten foar te kommen. "Zet je scherm op ongeveer een armlengte afstand en zorg ervoor dat je recht op je scherm kijkt door bijvoorbeeld je laptop op een verhoging te zetten. Voorkom typen met gestrekte armen. Zorg voor variatie in je werkhouding. Na elk half uur is het bijvoorbeeld goed om even te bewegen of te staan", advisearret ergonoom Erwin Speklé fan de Arbo Unie.

11:35
RIVM: "U ziet een duidelijke piek, met daarna een afvlakking"
11:29
WK frisbee yn Ljouwert giet net troch

It wrâldkampioenskip frisbee, dat yn july holden wurde soe yn Ljouwert, giet net troch. Dat komt troch it coronafirus. De ferwachting wie dat der tusken de 2.500 en 3.500 minsken út it bûtenlân nei Ljouwert komme soene foar it WK. Oft it WK op in letter momint dochs yn Ljouwert holden wurdt, is noch net bekend.

11:26
Tulpen foar Sint-Jabik

Alle ynwenners fan Sint-Jabik waarden woansdeitemoarn ferrast troch frijwilligers fan de aktiviteitekommisje fan multyfunksjoneel sintrum 't Beerdhuus yn it doarp. De frijwilligers bringe woansdei by de doarren fergees in boskje tulpen del, om de ynwenners in hert ûnder de riem te stekken ûnder de coronakrisis.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
11:18
Giet Roze Zaterdag troch?

Oft de lanlike Roze Zaterdag yn Ljouwert op 20 juny trochgean kin, is noch net dúdlik. Organisator Margot Hoiting seit dat der noch gjin beslút oer nommen is. By dit evenemint wurde 20.000 minsken ferwachte.

Foto: Omrop Fryslân
11:14
Gjin besite yn wensoarchsintra

De coronamaatregels fan it kabinet falle swier by guon minsken dy't yn wensoarchsintra wenje. Harren famylje mei al efkes net mear op besite komme, en dat is dreech foar bewenners dy't dêrop rekkenje. Ek yn de Herbergier Bartlehiem yn de âld suvelfabryk fan Wyns is famylje net mear wolkom, lykas de frijwilligers. "Dat is in grutte feroaring foar ús bewenners", seit Oeds Visser, eigener fan Herbergier Bartlehiem.

11:10
"Keatswrâld yn spagaat"

De tariedingen foar it keatsseizoen lizze stil, no't it kabinet coronamaatregels oplein hat oant 1 juny. Der wurdt oant dy tiid net keatst en dêrmei geane de earste seis partijen dy't fêststiene, net troch. It keatsseizoen soe op 3 maaie yn Weidum úteinsette. Op 1 juny stie de Bûnspartij op it programma, mar it is noch net wis oft dy wol of net trochgiet, seit keatsferslachjouwer Geert van Tuinen. Hy hat in belrûntsje dien by de keatsklups del. "De keatswrâld sit yn in spagaat", seit Van Tuinen. Neffens him makket de organisaasje fan de PC yn Frjentsjer him lykwols noch net drok. Dy belangrike keatspartij stiet pland op 29 july.

Keatsferslachjouwer Geert van Tuinen oer it keatsseizoen

10:50
'Fersprieding liket ôf te remjen'

De fersprieding fan it coronafirus yn Nederlân liket ôf te remjen. Dy foarsichtige prognoaze hat Jaap van Dissel fan it RIVM woansdei dien yn de Twadde Keamer.

Van Dissel seit wol dat alle ûntwikkelingen hiel gefoelich binne fan hoe't minsken har oan de maatregels hâlde dy't it kabinet ôfkundige hat. "De exponentiële groei is waarschijnlijk tot staan gebracht. Het is gevoelig voor gedrag, maar vooralsnog is er een positieve trend."

10:41
Noch gjin boetes

Der binne noch gjin boetes útdield oan minsken dy't te ticht op elkoar steane. Neffens in wurdfierder fan de Nasjonale Plysje binne de boargemasters noch dwaande mei it opstellen fan de needferoarderingen. De ferwachting is dat dy foar de ein fan dizze wike fan krêft binne.

It kabinet besleat moandei dat minsken dy't yn groepkes bûten rinne en dêrby gjin oardel meter ôfstân hâlde, in boete oant 400 euro krije kinne.

10:14
37.444 tests

Lanlik binne oant en mei tiisdei 37.444 coronatests ôfnommen. Dêrfan wiene 5.150 posityf, wat delkomt op 13,8%.

Dat fertelt Jaap van Dissel fan it RIVM oan de Twadde Keamer. Van Dissel presintearret sifers en modellen oer it coronafirus. Dy binne ek hjir werom te finen.

9:31
Utstel belestingoanjefte

Wa't help nedich hat by it ynfoljen fan de belestingoanjefte, krijt útstel. Se kinne de ynformaasje no op 1 septimber oanleverje, yn stee fan 1 maaie. It útstellen fan de oanjefte moat wol oanfrege wurde.

9:15
Utsûnderingen

Mei de nije maatregels fan it kabinet tsjin it coronafirus binne gearkomsten oant 1 juny ferbean. Der binne lykwols wat útsûnderingen, dy't it kabinet no op in rychje set hat:

  • Gearkomsten fan minder as 100 minsken dy't wetlik ferplicht binne, lykas fergaderingen fan de gemeenteried en de Earste en Twadde Keamer;
  • Gearkomsten dy't nedich binne om it deistige wurk fan ynstellingen, bedriuwen en oare organisaasjes trochsette te kinnen (ek maksimaal 100 minsken);
  • Utfearten en houliken, mei op syn meast 30 minsken;
  • En religieuze gearkomsten, ek op syn meast 30 persoanen.
8:56
Part pasjinten hâldt skea oan longen

It lanlike Longfonds riedt him ta op in nije groep pasjinten troch it coronafirus. De pyk fan it tal besmettingen moat noch komme, mar no al is dúdlik dat in part fan de coronapasjinten bliuwende longskea oan it firus oerhâldt. Dat jildt benammen foar pasjinten dy't beäzeming krije op de intensive care.

De nije longsykte krijt foarearst de namme Corona Obstructive Lung Disease (COLD). It Longfonds ropt minsken op om kontakt op te nimmen as se no of yn de takomst klachten ha nei it coronafirus.

8:42
Sutelje troch De Lege Geaën

De sosjale kontakten drûgje ûnderweis wol wat op foar twa Fryske sutelers. En eins fine sy dat mei it each op de coronakrisis ek wol goed. Sutelje mei iten of oare saken by de huzen del hat al lang net mear de omfang dy't it yn it ferline wol hie. Mar yn De Lege Geaën, op it plattelân tusken Snits en Reduzum, binne der noch twa aktyf: Bernard Abma en Jaring Ypma. Sy fertelle oer harren ûnderfiningen mei it suteljen yn coronatiid.

Ferslachjouwer Remco de Vries yn petear mei Bernard Abma en Jaring Ypma

7:20
Testsintrum foar soarchpersoniel

Der is in nij testsintrum yn Ljouwert spesjaal foar minsken dy't yn de soarch wurkje. Se kinne dêr test wurde, as sy tinke dat sy besmet binne mei it coronafirus.

Mei it nije sintrum kin de GGD Fryslân effisjinter wurkje. "Een huisarts of een andere zorgverlener neemt contact met ons op en als er een noodzaak is om te testen, nodigen wij die persoon uit", seit Everhard Hofstra, dokter ynfeksjesyktebestriding by GGD Fryslân. Earder giene se nei de minsken ta, mar dat koste in soad tiid en middels.

Everhard Hofstra, dokter ynfeksjesyktebestriding by de GGD

6:30
Kampearterrein Stortemelk iepenet letter

De Flylanner camping Stortemelk giet dit jier letter iepen yn ferbân mei it coronafirus. It grutste kampearterrein fan de Waadeilannen giet yn stee fan woansdei 1 april no op moandei 1 juny iepen.

6:21
Epke jout Spelen 2021 noch in kâns

Turner Epke Zonderland hat de Olympyske Spelen fan Tokio 2021 noch lang net út de holle set. Ek net no't dy fanwege de coronakrisis nei folgjend jier ferpleatst binne. Earder sei de Fries dat er noch neitinke soe oer syn sporttakomst."Ik ha wol de yntinsje om troch te gean", seit Zonderland tsjin de NOS.

Op Instagram seit er it spitich te finen dat de Spelen net trochgeane, mar dat der gruttere problemen yn de wrâld binne op it stuit. Hy winsket elkenien sterkte yn de striid tsjin it coronafirus.

6:00
Wolkom

Goedemoarn en wolkom yn dit liveblog fan woansdei 25 maart oer it coronafirus. Dit wie it belangrykste nijs fan tiisdei:

  • Der binne tiisdei troch de GGD wer twa minsken yn Fryslân registrearre mei it coronafirus;
  • Yn de Fryske sikehuzen binne de ôfrûne 24 oeren yn totaal 22 minsken mei it coronafirus opnaam;
  • De sintrale eineksamens foar middelbere skoalbern geane net troch;
  • Supermerken begûnen mei in spesjaal doarbelied. Mar in beheind oantal klanten mocht nei binnen ta;
  • MCL is yn oerlis mei hotelketens Van der Valk en Fletcher oer it opfangen fan pasjinten út oare provinsjes;
  • De gemeente Ljouwert komt mei stipe yn de foarm fan ekstra maatregels foar pleatslike ûndernimmers en zzp'ers;
  • Grutte eveneminten lykas de Fytsalvestêdetocht, de Slachtemaraton en Oerrock gean dit jier net troch.
Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)