Coronanijs woansdei 25 maart: "Sitewaasje Fryslân liket stabyl", ek Fiskerijdagen ôfsein

25 mrt 2020 - 17:45

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:44
Ein fan dit liveblog

Oant safier it liveblog fan woansdei 25 maart oer de coronakrisis. Wy sette noch ien kear de belangrykste punten út dit liveblog op in rychje:

  • Der binne woansdei troch de GGD tolve minsken yn Fryslân registrearre mei it coronafirus
  • Coronafirus ek oantroffen yn rioelwetter
  • De grutte eveneminten mei 75 jier frijheid binne trochskood nei takom jier
  • De swimalvestêdetocht fan Stefan van der Pal giet definityf net troch
  • De Fiskerijdagen yn Harns fan augustus, binne ôfsein
  • Hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert slút oant 1 juny de doarren fan alle lokaasjes foar studinten en meiwurkers

Tongersdei is der wer in nij liveblog. Ek op radio en telefyzje kinne jo by ús telâne foar al it lêste nijs.

22:07
Circus Renz stiet fêst
Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Circus Renz stiet fêst by it Frysk kongressintrum yn Drachten en kin gjin kant op. Se dogge in needgjalp foar help, want it gefaar is dat de bisten daliks gjin fretten mear hawwe.

Lês mear hjiroer yn ús artikel.

21:28
Fiskerijdagen yn Harns kinne net trochgean

De organisaasje fan de Fiskerijdagen yn Harns hat fannejûn bekendmakke dat se it evenemint dit jier net foarinoar krije kinne. De Fiskerijdagen wurde gewoanwei altyd ein augustus organisearre, mar trochdat de tarieding no midden yn de coronakrisis falt, is it net mooglik om dit goed te dwaan.

Lês hjir mear oer it it beslút fan de organisaasje.

20:45
Needwet foar gemeenterieden en Steaten

It kabinet komt mei in needwet om gemeenterieden en Provinsjale Steaten de mooglikheid te jaan om digitaal te fergaderjen en te stimmen. Minister Raymond Knops fan Binnenlandse Zaken sei earder al dat riedsleden en Steateleden allinnich byinoar komme moasten as it echt needsaaklik wie.

"Met het oog op de vele gewichtige maatschappelijke opgaven is het van groot belang dat het openbaar bestuur zoveel mogelijk blijft functioneren", fynt Knops. Hy komt "zo spoedig mogelijk" mei in wiziging fan de wet, dy't no noch seit dat gemeenterieden en Provinsjale Steaten allinnich stimme kinne as se fisyk byinoar binne.

Betingst is wol dat de gearkomsten en beslútfoarming iepenbier te folgjen wêze moatte. Bygelyks trochdat boargers meisjen kinne fia in fideoferbining.

20:08
Folsleine húshâlding thús by ferkâldens, koarts as benaudens

De maatregel dat in folsleine húshâlding thúsbliuwe moat as ien fan harren ferkâlden is, it benaud hat of koarts hat, is tige wichtich yn de striid tsjin it coronafirus. Dat sei premier Mark Rutte fannejûn yn in spesjale parsekonferinsje.

Rutte fynt dat dizze maatregel noch te min bekend is by de minsken, fandêr dat er der nochris op hammere.

Dus: is immen yn je húshâlding siik, moat elkenien thúsbliuwe.

19:51
Nij kampanjefilmke fan de oerheid: Alleen Samen
19:38
Lintsjerein giet troch

De tradysjonele Lintsjerein giet troch, mar wol yn oanpaste foarm. Dat lit de Kanselarij der Nederlandse Orden witte.

De boargemasters sille op 24 april persoanlik kontakt opnimme mei de ûngefear 3000 minsken dy't in lintsje krije. Letter op de dei komme de nammen fan de lokkigen yn in spesjale edysje fan de Staatscourant te stean, dit is net oars as oars.

Om't de lintsjes troch de coronamaatregels net opspjelde wurde kinne, sil troch de Kanselarij socht wurde nei in letter momint. Dit sil in lanlik momint wurde, dêr't ek freonen en famylje by wêze kinne.

19:29
Gerjochtsgebouwen langer ticht

Yn ferbân mei de coronakrisis bliuwe de gerjochtsgebouwen ek nei 6 april sluten. Dat hat de Raad voor de Rechtspraak bekendmakke. Sûnt 17 maart wurde allinnich urginte saken behannele, sûnder publyk.

Wol sil it tal saken dat ynhâldlik behannele wurdt útwreide wurde. Skriuwt de NOS.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)