Kampearterrein Stortemelk iepenet letter yn ferbân mei coronafirus
De Flylanner camping Stortemelk giet dit jier letter iepen yn ferbân mei it coronafirus. It grutste kampearterrein fan de Waadeilannen giet yn stee fan woansdei 1 april no pas op 1 juny iepen.
Dat skriuwe it bestjoer en de direksje fan Stichting Rekreatiebelangen Vlieland yn in mail oan de gasten. De iepeningsdatum wurdt ferpleatst nei oanlieding fan de nije maatregels dy it RIVM en it kabinet moandei oankundigen. As de situaasje feroaret, wurde de maatregels fan de camping oanpast.