Epke Zonderland jout Olympyske Spelen 2021 in kâns

Turner Epke Zonderland hat de Olympyske Spelen fan Tokio 2021 noch lang net út de holle setten. Ek net no't dy fanwege de coronakrisis nei folgjend jier ferpleatst binne. Earder sei de Fries dat er noch neitinke soe oer syn sporttakomst."Ik ha wol de yntinsje om troch te gean", seit Zonderland tsjin de NOS.
© ANP
De olympysk (2012) en trijefâldich wrâldkampioen (2013, 2014 en 2018) op de rekstok toande, krekt as in soad fan syn kollega-topsporters, begryp foar it beslút fan it Internationaal Olympisch Comité (IOC). Zonderland: "Spitich fansels. As topsporter hast hjirnei talibbe en ik ha krekt it kwalifikaasjeticket sa goed as binnen. No soe it barre moatte. Mar ik hie fansels de ôfrûne tiid wol in bytsje yn 'e holle dat it miskien net trochgean soe. Spitich, mar ek wol hiel begripelik."

Ein fan syn turnkarriêre

Zonderland, dy't ôfrûne seizoenen bot hindere waard troch problemen mei de foarholleholte, wurdt yn april 34 jier. Eins hiene de Spelen fan kommende simmer de ein fan syn ymposante turnkarriêre markearje moatten. "Ja, dat is sa. Ik hie graach sjoen dat it trochgean kind hie. Mar no't de Spelen ferpleatst binne, ha ik wol de yntinsje om folgjend jier troch te gean."
Oft it yndie komme sil ta in fjirde olympyske dielnimming, is fansels ôfwachtsjen. "Ik hoopje dat it slagje sil, mar wis is it fansels net. Ik wist dat it no slagje soe. Ik wie der ek klear foar en bin yn goede foarm op dit stuit. Dat moat folgjend jier ek mar wer barre..."

Undúdlik

De fraach is ek oft syn kwalifikaasjeticket dan noch jildich is. "Dat is noch folslein ûndúdlik no. Der binne noch safolle sporten dêr't de kwalifikaasjeprosedueres noch net fan ôfrûne binne. Dêr sille oplossings foar betocht wurde moatte. It kin alle kanten op. Dat is ôfwachtsjen."