Fryslân moat oer tsien jier fjouwer kear safolle skjinne enerzjy opwekke

Oer tsien jier moat Fryslân fjouwer kear safolle enerzjy opwekke. De provinsje, alle Fryske gemeenten en Wetterskip Fryslan riede dit plan ta. Fryslan moat yn 2030 2,3 TWh (terawatt) oan skjinne enerzjy leverje, foar Nederlan is dat yn 2030 35 TWh. Dat is ôfpraat yn it Klimaatakkoart en krijt op lytsskaliger nivo foarm yn de Regionale Energie Strategie (RES). Nederlân is dêrby ûnderferdield yn tritich enerzjyregio's, dêr't Fryslân ien fan is.
© Omrop Fryslân
Op dit stuit leverje wynmûnen, sinneparken en -fjilden tegearre 0,55 TWh. Grutte enerzyprojekten soargje de kommende jierren foar in taname fan 1,75 TWh. Wynpark Fryslân yn de Iselmar leveret dêrfan de grutste bydrage. "Wy tinke dat wy dit absolút realisearje kinne, om't it giet om projekten dêr't al oer besletten is." Alle projekten yn it plan binne al bekend, hawwe in fergunning en binne yn oanbou of wurde boud", leit deputearre Sietske Poepjes út.
Neffens Poepjes hat de coronakrisis gjin ynfloed op de plannen: "Hjir hat al in soad beslútfoarming oer west. Oan de politike en finansjele kant sil der gjin probleem wêze. Wêr'st wol no nei sjen moatst: hoe wurdt dit asen útfierd?"

Fan it ierdgas ôf

Yn it plan stiet ek wat yn Fryslân nedich is as alle húshâldens oergean op oare soarten fan ferwaarmming as ierdgas. Poepjes "Dêr gean gemeenten yn de basis oer. Dy meitsje foar elke wyk in plan. Mar maatwurk is dêrby benammnen yn Fryslân fan belang, want minsken moatte har der senang by fiele." Fan heal april ôf kinne Fryske ynwenners oanjaan hoe't sy belutsen wêze wolle by it foarmjen fan de plannen.

Lânskip

Ynwenners, belangefertsjintwurdigers en saakkundigen tinke de kommende moannen mei foar de plannen. Dêrby wurdt ek rekken hâlden mei it Fryske lânskip. "Der hat in belange-oerwaging plakfûn: we ha sjoen nei hoe't we enerzjy opwekke wolle en hoe't we mei ús lânskip omgean wolle. We hawwe in ynventarisaasje makke fan de plannen, dêr't de measte minsken it mei iens wiene."
"Wy hâlde bot fan ús lânskip, dus dêrom leverje wy de projekten oan dy't we yn de pypline hawwe. Sa wolle wy mei fertrouwen de 21e iuw yn. It is goed om te sjen hoe't we it oars dwaan sille, mar op de Fryske manier en op ús eigen tempo. Helber, betelber en útfierber."

Definityf plan

Yn maaie beslisse alle gemeenterieden, Provinsjale Steaten en it Algemien Bestjoer oft se it plan oernimme. De moanne dêrop tsjinnte de regio Fryslân de saneamde 'konsept-RES' yn by it Ryk. Op 1 maart 2021 moat de definitve RES de rlizze.
Deputearre Sietske Poepjes oer enerzjy