Piet Fortuin (CNV): "Fakkefolje is in fitaal berop, mar it moat wol feilich!"

"De hiele detailhannel draait op 15-, 16- en 17-jierrigen, dy't mar in bytsje fertsjinje. It minste dat je dwaan kinne, is harren in feilich wurkplak biede." Dat seit Piet Fortuin fan fakbûn CNV. Syn fakbûn easke moandei maatregels om fakkefollers te beskermjen tsjin mooglike coronabesmetting op it wurk.
Winkel © Shutterstock.com
Fortuin konstatearre tiisdei tefreden dat guon supermerken al in oantal maatregels nommen hawwe. "Mar ik wie hjoed ek in winkel dy't noch neat dien hie. Dy moatte der ek mei oan de slach want oars rinne se kâns op in boete."
De supermerken hawwe tiisdei besletten om it oantal besikers yn de winkels te beheinen. Foar 10 kante meter winkel mei tenei noch mar ien klant nei binnen. Dat hat brânsjorganisaasje CBL ôfpraat op oantrunen fan fakbûn CNV en it kabinet. Foar klanten fan supermerken is it mei yngong fan tiisdei ferplichte om gebrûk te meitsjen fan in winkelkarre, ek al hoege je mar ien of twa lytse dinkjes te keapjen, want troch sa'n karre is der fansels al wat mear ôfstân.

Soad fragen

Fortuin is wiis mei it beslút fan de supermerken, mar sil de ûntwikkelings skerp yn de gaten hâlde. "Wy krigen ferline wike in soad mailtsjes en telefoantsjes fan leden mei fragen: Is it noch wol feilich foar myn soan of dochter om yn de winkel te wurkjen. No, dat wie it lang net altyd." Ta syn tefredenheid sjocht Fortuin dat in soad supermerken dizze wike folop mei it tema feilichheid en ôfstân oan de slach binne, bygelyks troch fakkefollers spesjale heskes oan te lûken mei dêrop it fersyk om ôfstân te hâlden.
Piet Fortuin © Omrop Fryslân
Supermerken nimme fierder noch in ferskaat oan oare maatregels om it boadskipjen feiliger te meitsjen foar meiwurkers en klanten. By de Jumbo yn Drachten stiet bygelyks bûtendoar in wasktafel mei sjippe om de hannen te waskjen. By Albert Heijn XL yn Ljouwert wurdt de selsscankassa nei eltse klant himmele mei in hygiënysk doekje.

Wurdearring foar winkelpersoniel

Fakbûnman Fortuin fynt dat it tiid wurdt om in kear te sjen nei de wurdearring fan de fakkefollers en oare winkelmeiwurkers. "De supermerken draaie as in tierelier en fertsjinje goed. Der komt wer in nije CAO oan. Ik fyn dat it tiid wurdt om de meiwurkers en de fakkefollers, dy't mar in pear euro de oere fertsjinje, meiprofitearje te litten." It bytiden ûnderskatte fakkefoljen is yn de eagen fan Fortuin neat minder as in fitaal berop. "De supermerken kinne net sûnder. Sûnder fakkefollers bliuwe de skappen leech."