Grutte soargen oer takomst Oerol

24 mrt 2020 - 18:49

It lokaasjeteäterfestival Oerol op Skylge giet net troch yn de hjoeddeiske foarm. De organisaasje slút net út wat lyts te organisearjen. Oft dat mei publyk is of online is noch net wis. Dit jier soe it festival fan 12 oant en mei 21 juny holden wurde. "Hoewel het geen verrassing was, kwam het wel heel hard aan", seit festivaldirekteur Siart Smit.

Foto: Omrop Fryslân

Der binne grutte finansjele risiko's wêrtroch de takomst fan it festival sels op it spul stiet. "We halen zo'n 70 tot 80 procent uit eigen inkomsten dat nu wegvalt en we zijn allemaal al financiële verplichtingen aangegaan die zelfs nog groter zijn", seit Smit. De hiele programearing is rûn, se soene fan takom wike ôf los om alles op te setten.

Der is foar Oerol noch in soad ûnwis, en dat makket it ekstra lestich. "Moeten we ons aan de gemaakte afspraken houden of niet? Wat is de situatie ná 1 juni? En kunnen we op steun van de overheid rekenen?"

Dizze wike sil Oerol mei alle 175 selsskippen, oerheden en saakkundigen yn petear om te sjen hoe't de makke kosten sa leech as mooglik holden wurde kinne en hoe't it no fierder moat. Smit: "Ons grootste doel is om Oerol en onze partners overeind te houden."

Siart Smit, direkteur Oerol

(advertinsje)
(advertinsje)