Eigen risiko foar skea troch guozzen mei net omheech fan de rjochter

24 mrt 2020 - 18:22

It beslút fan de provinsje om it eigen risiko dat boeren betelje moatte foar de skea troch guozzen te ferheegjen, moat weromdraait wurde. Dat hat de rjochter ferline wike besletten nei't seis boeren beswier makke hawwe mei stipe fan de Nederlandse Melkveehouders Vakbond. It eigen risiko gie omheech fan 5 nei 20 persint.

Foto: Hans Pietersma

De rjochter fynt dat de provinsje de ferheging net goed ûnderboud hat. It giet om skea dy't boeren net foarkomme kinne om't guozzen beskerme dieren binne. De foerazjeargebieten binne mei 10 persint ôfnommen en der binne tal fan restriksjes foar guozzepopulaasjes, mar de populaasje guozzen is mei 250 persint tanommen. Dat betsjut sûnder mis skeadruk, hat de rjochter oanjûn. Dêrom soe de âlde regeling it bêste wer brûkt wurde kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)