Epke Zonderland tinkt nei oer syn takomst nei ferpleatsing Olympyske Spelen

Turner Epke Zonderland sil ris goed neitinke oer it ferlingjen fan syn sportkarriêre, no't de Olympyske Spelen yn Tokio mei in jier útsteld wurde. Zonderland soe nei alle gedachten ophâlde mei syn turnkarriêre nei't er yn aksje kaam wie op de Spelen.
© ANP
"Kwa periodisearring komt der in hiel seizoen by. Ik ha tiid nedich om dêroer nei te tinken en de goede beslissing te nimmen", reagearre de 33-jierrige olympysk- en trijfâldich wrâldkampioen. Hy baalt fan it beslút fan it IOC, mar hy begrypt it hiel goed. De folkssûnens stiet foarop, fynt ek hy.