Gemeente Ljouwert komt ûndernimmers en zzp'ers yn 'e mjitte

24 mrt 2020 - 18:14

De gemeente Ljouwert komt mei stipe yn de foarm fan ekstra maatregels foar pleatslike ûndernimmers en zzp'ers dy't hurd troffen wurde troch de coronakrisis. De maatregels gean fuortendaliks yn en komme boppe-op it lanlike pakket oan needmaatregels.

Foto: Gemeente Ljouwert nimt maatregels

In ûndernimmer of zzp'er moat earst in berop dwaan op it lanlike pakket, sa lit de gemeente witte. Mar oanfoljend nimt Ljouwert maatregels dy't foar ekstra stipje soargje. In oersjoch:

Gemeentlike belesting

It ynfoarderjen fan al opleine gemeentlike heffings en belesting wurdt stopset oant 1 july fan dit jier. Undernimmers kinnen automatyske ynkasso's sels stopsette. De bedragen dy't noch net ôfskreaun binne wurde letter opteld by de noch útsteande bedragen. De gemeente sil gjin oanmoannings stjoere.

Toeriste- en terrasbelesting (precario)

De gemeente stelt it oplizzen fan ûndernimmersoanslaggen as toeristebelesting en terrasbelesting (de saneamde precariobelesting) út oant 1 july. Foar dy lêste ferlient Ljouwert boppedat ûntheffing foar de perioade dat de terrassen net brûkt wurde troch de maatregels omtrint it coronafirus.

Unreplik-guodbelesting (OZB)

Der wurde oant 1 july gjin OZB-oanslaggen mear ferstjoerd foar it ûnreplik guod. Wol lit de gemeente witte dat dit mar 5 persint oanbelanget. Want 95 persint is al yn febrewaris ferstjoerd.

Befoarrieding winkels

Undernimmers yn it saneamde 'kernwinkelgebied' fan Ljouwert kinne harren winkel de kommende tiid ek bûten de normale tiden befoarriede litte.

Regeling Tozo

De pleatslike zzp'ers dy't troch de coronakrisis yn de problemen komme, kinne ûnder betingsten in berop dwaan op de regeling Tozo (Tijdelijke Overbruggingsregeling Zelfstandig Ondernemers). It BZF (Bureau Zelfstandigen Fryslân) sil de útfiering fersoargje.

Utstel fan ôflossingferplichtings

Wa't in liening of garantstelling hat fia de gemeente kin útstel krije foar it ôflossen dêrfan. De gemeente Ljouwert lit witte dat it maatwurk biede sil.

De gemeente seit dat se boppedat de faktueren dy't se krijt fan ûndernimmers sels flugger betelje sil. Ek wurdt der sjoen oft der noch mear mooglik is foar bepaalde sektoaren lykas soarchoanbieders en organisaasjes fan eveneminten.

Met dit eerste aanvullende pakket hoop ik dat we ondernemend Leeuwarden tegemoet komen en tijdelijk financiële ruimte geven.

Wethâlder Friso Douwstra

"De gemeente is in goed contact met het georganiseerde bedrijfsleven, individuele ondernemers, zorgaanbieders en gesubsidieerde instellingen", seit wethâlder Friso Douwstra fan Ekonomyske Saken. ,,Daar zie ik druk en onzekerheid, maar ook mooie initiatieven ontstaan. Met dit eerste aanvullende pakket hoop ik dat we ondernemend Leeuwarden tegemoet komen en tijdelijk financiële ruimte geven."

Mear ynformaasje oer regionale en gemeentelike regels is te sjen op dizze webside.

(advertinsje)
(advertinsje)