Henk de Jong: "Cambuur moat gewoan promovearje"

24 mrt 2020 - 18:10

Trainer Henk de Jong is der hiel dúdlik oer: "Cambuur moat gewoan promovearje. Dat ha wy fertsjinne." De trainer fan SC Cambuur seit dat yn ôfwachting fan it beslút fan it fuotbalbûn KNVB. Oant no ta is noch net dúdlik wat der barre sil mei de kompetysje. Mooglik bliuwt dat oant 6 april noch ûnwis. Mar as it oan De Jong leit komt der gau dúdlikheid: "Ik ha fannacht min sliept. Ik hoop dat wy gau witte wêr't we oan ta binne."

It wie fannacht let. De Jong koe net sliepe. Hy klom op de bank yn syn nijbouwenning yn Drachten en seach wat oer it wetter. "Ik sil dy hiel earlik sizze, ik siet hjir fannacht om fjouwer oere foar it rút wat nei bûten te sjen." Sa begjint De Jong. "Ik koe der net fan sliepe. Sitst dochs flink te prakkesearjen oer wat der no bart yn de wrâld. En makkest dy ek soargen. Oer dyn baan, oer dyn klupke. Makkest dy wol soargen."

"Cambuur moat promovearje"

De Jong hat wol in dúdlike miening oer wat der mei syn klup Cambuur barre moat. It KNVB hat oant no ta trije senario's dêr't se rekken mei hâlde. Mar as de kompetysje net útspile wurdt, dan wit De Jong it wol. "Ik bin gewoan hiel reëel. Je moatte de ploegen bekendmeitsje dy't Europa yn gean en dy't promovearje. Wa't der degradearje sille, dêr kom ik net oan. Mar wol wa't der promovearje moatte: Cambuur en myn âlde klup (De Graafschap, red.). Dat binne regels dy't opsteld binne en dêr moatst dy ek oan hâlde. It soe net terjochte wêze as wy net promovearje."

It wichtichste is lykwols dat der gau in beslissing naam wurdt. Al ferwachtet hy dat foarearst net. "Der moat dúdlikheid komme. Der is in soad ûnwissens. Fuotbal is dan de belangryskte bysaak. Dat snap ik wol. Sûnens is it belangrykste. Mar fuotbal is foar ús wol ús wurk. No moat alles stil lizze, dat is it belangrykste en terjochte. Mar it moat aanst wol wer fierder gean."

Neffens it fuotbalbûn KNVB binne der op it stuit trije senario's mooglik:

  1. De kompetysjes wurdt útspile foar 30 juny (oant juny sûnder publyk);
  2. De kompetysjes wurdt útspile nei 30 juny (ôfhinklik fan UEFA-kalinderwurkgroep);
  3. De kompetysjes wurdt net útspile.

By de tredde opsje wit De Jong it wol. Dan moatte SC Cambuur en De Graafschap promovearje. Cambuur stiet no earste mei noch njoggen wedstriden te gean. De Ljouwerters hawwe alve punten foarsprong op de nûmer trije FC Volendam en de earste twa ploegen gean nei de earedifyzje. "Ik bin bêst senuweftich oer dy promoasje."
Mar De Jong hammeret benammen op it feit dat de kompetysje al hiel fier is en der in grut gat is mei de oare ploegen wat it tal punten oanbelanget.

"Wy fertsjinje dat as klup. We binne al folop dwaande mei takom seizoen. Dat fernimst oan eltsenien. Manlju as Ard (De Graaf, algemien direkteur, red.) binne der al tsien jier mei dwaande om dizze moaie klup omheech te bringen. It libbet enoarm jong. As ik de stêd trochrin ek. Elkenien sprekt dy oan. Of no ja, no efkes net dan."

Dan krijt Diana in hiele dikke tút en miskien noch wol mear ek, hahaha.

Henk de Jong oer de mooglike promoasje

It kin samar wêze dat Cambuur ynkoarten it berjocht krijt dat se promovearje sûnder noch te fuotbaljen. Dat betsjut gjin Aldehoustertsjerkhôf dat fol stiet mei minsken of in fol Cambuurplein. "Kinst it dan net fiere mei de klup, net dy lêste sekonden yn de wedstriid belibje. As it nijs komt dat we promovearje, dan fiere we dat efkes hjir thús. Dan krijt Diana in hiele dikke tút en miskien noch wol mear ek, hahaha."

"Houd onze supporers dan maar eens in bedwang."

Kees Elzinga is foarsitter fan de supportersferiening Kern van Cambuur. Ek Elzinga moat net tinke oan it senario dat Cambuur net promovearret: "Ik denk dat de reacties dan diep teleurgesteld zouden zijn. Een drama. Dan druk ik me nog zacht uit. Triestig alom dan. Vreselijk. Ik moet er niet aan denken."

Mar foar no giet Elzinga dêr net fan út. Hy tinkt dat Cambuur tegearre mei De Graafschap promovearret. "Voor ons is er maar één ding dat telt en dat is dat wij promoveren. Wij verdienen dat. We hadden echt zoveel zin in de einde van de competitie. Dat wordt je nu afgenomen en dat is natuurlijk niet leuk. De spelers en iedereen bij de club hebben er zo hard aangetrokken. Zij verdienen het ook."

It senario dat de kommende tiid bekend makke wurdt dat Cambuur wol promovearret, betsjut ek dat der gjin grut feest komt. Foar no net alteast. Mar hâld dan je fans mar ris thús. "Het zal heel moeilijk worden. Houd onze supporters dan maar eens in bedwang. Het enthousiasme. De drive. Een herhaling van het feest van een paar jaar geleden, dat zou geweldig zijn. Maar we moeten natuurlijk wel die 1,5 meter in acht nemen. We kunnen misschien wel bij elkaar komen. Of nou ja, nee, dat kan niet. Dan moeten we maar wat anders bedenken. Via internet. Met smileys en weet ik veel wat."

(advertinsje)
(advertinsje)