Skipfeart makket oeroeren: ek stazjêrs Maritieme Academie Harlingen

24 mrt 2020 - 17:40

De Maritieme Academie Harlingen is fanwege it coronafirus hast hielendal ticht, mar de stazjêrs moatte folop oan it wurk. De transportsektor makket oeroeren om der foar te soargjen dat eltsenien boadskippen dwaan bliuwe kin. Der binne 145 stazjêrs dwaande op de binnenfeart en 30 stazjêrs hawwe in plak op see.

De Maritieme Academie Harlingen yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"Wy hawwe dit noch noait meimakke," seit direkteur Arjen Mintjes fan de Maritieme Academie Harlingen. "Mei de jonges en famkes dy't op skoalle sitte hawwe de mentoaren wol kontakt, wy jouwe ûnderwiis op ôfstan. Mar mei de stazjêrs hawwe de SLB'ers kontakt. De situaasje oan board fan binnenfeartskippen is bot feroare, want sy kinne allinne mar farre en meie net oan de wâl."

Gjin boadskippen

Mintjes leit út wat dat yn de praktyk betsjutte kin: "Ik hie in famke oan de telefoan dy't in pear jier lyn eksamen dien hat en no stazjêr is yn it MBO. Sy fertelde dat sy mei har tanker yn Basel yn Switserlân wie: 'Wy komme dêr oan, wy meie losse, lade en dan moatte wy wer fuortendaalks troch nei Nederlân. Want ûnderweis meie wy net oanlizze en kinne nearne boadskippen dwaan.' Sy besochten wat te keapjen, mar dat koe net. Je hope op in hanneler ûnderweis en oars moatte je yn Rotterdam mar in plakje sykje, of wêr't je ek mar lade en losse."

Dochs kinne de learlingen in soad hawwe, seit Mintjes. "Nei skoalle gean kostet soms wolris wat muoite, mar no't sy farre moatte, sette sy wol troch. It is wat langer as 14 dagen, wat sy wend binne. De seefarrende stazjêrs moatte fansels oan board bliuwe. Je kinne gewoan net nei hûs. In pear moannen op see betsjut wol echt hiel wat. Wy besykje dêrom goed kontakt te hâlden, der goed op yn te praten en it út te lizzen."

Applaus foar de transportsektor

It is neffens him wichtich om dat wurk te wurdearjen. "Wy klappe foar de soarch, mar de transportsektor wurdt ek wolris in bytsje ferjitten. Dy frachtweinsjauffeurs, seelju en binnenfeartskippers fertsjinje ek in soad applaus. De Nederlânske binnenfeartsektor is de meast wichtige yn Europa."

Direkteur Arjen Mintjes fan de Maritieme Academie Harlingen

(advertinsje)
(advertinsje)