Middelbere skoallen bliid mei dúdlikheid oer eksamens

24 mrt 2020 - 16:31

De Fryske middelbere skoallen reagearje posityf op it beslút fan minister Arie Slob fan ûnderwiis om de sintrale eksamens dit jier te skrassen. Under oare skoallemienskip Piter Jelles en Simon Vestdijk mar ek de kristlike skoallemienskip Ulbe van Houten begripe dat de sintrale eineksamens net trochgean.

Wiebe Wieling, foarsitter fan skoallemienskip Piter Jelles en Simon Vestdijk, fynt it in logyske beslissing. "It koe eins net oars en ik bin der bliid mei. Direkteur Eelco Bruinsma fan kristlike skoallemienskip Ulbe van Houten yn Sint Anne is it dêr folslein mei iens. Neffens him jout it dúdlikens en witte de skoallen no wêr't se oan ta binne. "Boppedat jout it ús tiid om de skoaleksamens goed ôf te meitsjen", sa seit er.

Wiebe Wieling - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Flagge út yn Stiens

Minister Slob makke tiisdeitemoarn bekend dat der dit jier gjin sintrale eksamens hâlden wurde op de middelbere skoallen. De learlingen krije in foslein diploma op basis fan de risseltaten dy't se helle ha op de skoaleksamens. Foar learlingen dy't op dit stuit ûnfoldwaande stean wurdt sjoen nei in mooglikheid foar werkânsingen.

OSG Piter Jelles, Simon Vestdijk en Ulbe van Houten sitte folop yn it ôfrûnen fan de skoaleksamens. Dy wurde sa folle mooglik online ôflein. As it net oars kin wurdt der op skoalle wat organisearre. Learlingen dy't der goed foarsteane witte fan hjoed ôf sa goed as wis dat se slagge binne. Ien fan harren, Ewoud Struiksma út Stiens, fierde dat fêst mei in flagge en in tas oan de muorre fan it hûs fan syn âlden.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
(advertinsje)
(advertinsje)