Steatsboskbehear slút greidefûgelgebieten yn Súdeast-Fryslân ôf

24 mrt 2020 - 15:49

Steatsboskbehear slút fjouwer greidefûgelgebieten ôf yn Súdeast-Fryslân. Der komt in slot of in ketting op it stek. Tefolle minsken kuierje de buorden foarby wêrop dúdlik stiet dat je der nei 1 maart net mear yn komme meie.

In skries op in pealtsje - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

It giet om de Lange Ripen, de Warren, de Vrieswijkpolder en de Slûshoeke. Der binne ek minsken by mei hûnen en dy rinne betiden ek frij om. Der binne al boetes útdield.

Boskwachter Manon van Wesel fan Steatsboskbehear tinkt dat minsken op syk gean nei in rêstiger natuergebiet no't der al in soad drokte is yn oare gebieten yn de omjouwing. Troch de maatregels omtrint it coronafirus hawwe in soad minsken mear tiid om hannen.

De briedende greidefûgels kinne dit der eins net by ha, seit Van Wesel. "Als je ziet hoe hard ze al moeten werken om al die predatoren weg te jagen. En het gaat al zo slecht met de weidevogels. Het is frustrerend om dit zo te zien."

Foar in soad oare greidefûgelgebieten jildt dat je der gewoanwei ek al net ynkomme kinne. Guons dy't op harren gedrach oansprutsen wurde, sjogge net yn wat sy ferkeard dogge. Oaren witte dat wol en nimme mei opsetsin it risiko in ferbean gebiet yn te kuierjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)