Fan toprestaurant nei besoarchservice

24 mrt 2020 - 15:35

It wie oardel wike lyn noch in grapke yn de keuken: As wy ticht moatte, dan kinne wy in waarm miel besoargje. Dat grapke is realiteit wurden foar it team fan topkok Jan Smink fan it restaurant mei deselde namme yn Wolvegea. Sûnt dit wykein bringe de minsken dy't gewoanwei yn de betsjinning wurkje it iten no rûn.

Smink is startend ûndernimmer. No sa'n oardel jier lyn iepene hy de doarren fan syn restaurant. Ynkomsten binne dus hurd nedich. "Wanneer je begint, maak je gewoon veel kosten. Dan is het handig als je wat kunt verdienen. Maar ik kan ook moeilijk stil blijven zitten. Ik moet iets doen", seit Jan Smink. Hy wie al fan doel in webshop te iepenjen. Dat is no in bestelside wurden.

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

40 menu's nei Amersfoort

Smink: "Ik moet zeggen dat ik erg blij ben met dit eerste weekend. Ik heb zo'n 200 menu's gemaakt en laten bezorgen. Voor komend weekeinde ziet het er ook goed uit." De bestellingen komme út de wide omkriten fan Wolvegea wei. Kommend wykein moat Smink sels nei Amersfoort: "Daar zit een vaste klant. Die vroeg of ik daar wilde komen. Ik heb hem gezien de bezorgkosten gevraagd er wat mensen bij te regelen, dan kunnen ze die delen. Hij regelde er 40. Dat had ik niet zien aankomen. We gaan er dus maar met een busje naar toe."

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Sels ôfbakke

Sminks' restaurant sit yn it topsegmint. Dat betsjut dat it net de maklikste gerjochten binne om te meitsjen. Hy leveret se oan mei in hânlieding: "Het enige wat de mensen eigenlijk hoeven te doen is een paar zaken afbakken en opwarmen in de oven. Dan kunnen ze aan tafel."

(advertinsje)
(advertinsje)