Oerrock 2020 ferpleatst nei takom jier

24 mrt 2020 - 19:43

Oerrock giet dit jier net troch yn ferbân mei it coronafirus. De organisaasje hat dat tiisdei bekend makke. Se is al drok dwaande de kaarten foar de edysje fan 2020 om te setten nei kaarten foar takom jier. It musykfestifal yn Oerterp is dan op 13, 14 en 15 maaie.

Oerrock - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Oerrock soe dit jier plak fine fan 21 oant en mei 23 maaie. "Maar vanwege de maandag door de overheid aangekondigde nieuwe landelijke maatregelen in verband met het coronavirus, waaronder het verbod op evenementen tot 1 juni 2020, gaat Oerrock dit jaar niet door", lit de organisaasje witte op Facebook.

Fereneamde nasjonale artysten as Kensington, Kraantje Pappie, Miss Montreal en en Rowwen Hèze soene dit jier optrede yn Oerterp. Ek de Australyske band Wolfmother stie op it programma.

,,De gezondheid en veiligheid van publiek, vrijwilligers, sponsoren, bands, crewleden, leveranciers en alle andere betrokkenen gaat boven alles en heeft altijd onze hoogste prioriteit. Wij vragen dan ook om begrip voor deze uitzonderlijke situatie", aldus de organisaasje.

Foarsitter Sietse Boonstra fan de organisaasje fan Oerrock

(advertinsje)
(advertinsje)