Burgumer elektroanikabedriuw bout mei oan beäzemingsapparatuer

It elektroanikabedriuw Interay Solutions yn Burgum helpt mei om nije needbeäzemingsapparatuer te meitsjen. Wurkboukundigen fan de TU Delft binne dwaande ûnder de namme 'Operation Air' om rap te kommen mei mear beäzemingsapparatuer. Dat is nedich om't der grut ferlet is fan dy masines wannear't coronapasjinten op de Intensive Care komme te lizzen.
Burgumer elektronicabedrijf beademingsapparatuur
Direkteur Wessel Koning fan it bedriuw út Burgum hearde oer it projekt en tocht: hjir moatte wy oan meiwurkje. "Wy binne oanheakke by it team yn Delft om de elektroanika te produsearjen. Wy binne spesjalisearre yn it ûntwerpen en ûntwikkeljen fan elektroanyske produkten, dêrfoar ha wy ek in eigen produksjestrjitte."
It bedriuw sil benammen meihelpe mei it yn inoar setten fan de ferskate ûnderdielen.
Direkteur Wessel Koning
Intensive Care yn Itaalje © ANP
It bedriuw hat al in ûntwerp makke. In prototype fan beäzemingsapparatuer wurdt noch dizze wike úttest, de planning is dat nije wike al úteinset wurdt mei de produksje. It giet om 'stripte' beäzemingsapparatuer. "It is in spesjaal apparaat dat geskikt makke is foar coronapasjinten, it hat net alles dat in universeel beäzemingsapparaat hat, mar it is wol hiel goed te brûken", seit Koning.