UPDATE: Brân yn appartemintekompleks Kollum ûnder kontrôle

Yn in appartemintekompleks oan de Tsjerk Hiddestrjitte yn Kollum hat tiisdeitemiddei brân west. Dêr kaam in soad reek by frij. De brânwacht hat yntusken it sein 'brân master' jûn.
© De Vries Media
Neffens omstanners soe de brân ûntstien wêze yn in meterkast, op de earste ferdjipping fan it pân. De brânwacht fan Kollum, Bûtenpost en Dokkum kamen te plak om it fjoer ûnder kontrôle te krijen.
It appartemintekompleks is troch de helpferlieners ûntromme. Yn totaal hawwe seis apparteminten skea oprûn, dy binne foarearst net bewenber. Foar dizze bewenners sil ferfangende wenromte socht wurde.
Ien persoan is kontrolearre troch ambulânsepersoniel, mar hoegde net nei it sikehûs ôffierd te wurden. De brânwacht fan Kollum en de bemanning fan de heechwurker fan Dokkum sille noch neidwêste.