Dúdlikheid foar eksamenlearlingen: "Nuver idee"

24 mrt 2020 - 12:51

It beslút dat de sintrale eineksamens dit jier net trochgeane, is foar guon learlingen in nuver idee. "Hjir hast de hiele tiid nei tawurke", seit sechdejiers vwo-learlinge Gaiske Meinsma. De learlingen krije in folweardich diploma, dat like folle wurdich is as de diploma's yn oare jierren, sa seit de kristlike skoalkoepel Fricolore.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

It beslút fan ûnderwiisminister Arie Slob betsjut dat de fraach oft de learlingen in diploma krije, berekkene wurdt op basis fan it skoaleksamen. "De leerlingen krijgen ook recht op herkansingen en de scholen krijgen tot begin juni de tijd om de schoolexamens af te nemen", seit Anne Leijenaar fan skoalkoepel Fricolore.

"We moeten dan ook alle zorg besteden aan om er voor te zorgen dat je ook daadwerkelijk een volwaardig diploma krijgt", sa seit de skoalbestjoerder.

Anne Leijenaar fan Fricolore

Neffens Leijenaar wie it beslút om de eineksamens te skrassen ferstannich. "Het is in deze omstandigheden gewoon niet verstandig."

"Unwissichheid en stress"

De ôfrûne tiid ha learlingen in soad yn ûnwissichheid sitten oer de eineksamens. "Dat levert stress op. Nu de situatie duidelijker is zal dat wel beter worden. We zullen als scholen ook ons uiterste best doen om er voor te zorgen dat alle informatie die we hebben ook bij de leerlingen en ouders terecht komt", sa seit Leijenaar.

Foto: Omrop Fryslân

Foar eineksamenkandidaten sjocht de wrâld er ynienen hiel oars út. Guon hawwe goede resultaten behelle op harren skoaleksamens en binne dus hast al slagge, wylst oaren minne skoaleksamens makke ha en dêrtroch der no hiel min foar stean.

"Ik stean der wol goed foar. Yn myn gefal is dit beslút dus wol fijn. Mar ik ha wol freondinnen dy't der minder goed foar stean foar harren is it minder," seit Gaiske Meinsma dy't sechdejiers vwo-learlinge is op CSG Comenius yn Ljouwert.

Gaiske Meinsma - Foto: Eigen foto

Eineksamenkandidaat Gaiske Meinsma

Foar Gaiske en har klassegenoaten is it in nuver idee dat se gjin eineksamen dogge. Oan de iene kant is it wol fijn, mar libbest der wol hiel bot nei ta. It fielt hiel dûbeld, ik wit net wat ik der fan tinke moat."

It beslút kaam lykwols net hielendal as tongerslach by heldere himel foar Gaiske: "Ik hie al wol it gefoel dat it oergean soe. De toetswike wie al ferpleatst en dan tinkst al wol, hoe sil dit no komme.."

(advertinsje)
(advertinsje)