'Kultuercoach yn wenwiken Ljouwert'

14 nov 2011 - 22:54

Alle wenwiken yn Ljouwert moatte in eigen kultuercoach krije. Dy moat yn oparbeidzjen mei de skoallen, de berne-opfang en oare ynstânsjes keunst- en kultuerlessen opsette. De coaches moatte de tiid krije harren programma op te setten.

Dy konklúzje lûkt it sintrum foar de keunsten Parnas út it projekt DOK C dat moandei ôfsletten is. Yn dat projekt krigen keunstners tiid om mei de skoallen in lesprogramma op te setten. Neffens direkteur Geert Drion fan Parnas wurket it goed en hat it takomst.

Woansdei praat de gemeenteried fan Ljouwert oer de takomst fan it sintrum foar de keunsten yn Ljouwert. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol besunigje en mear ynsette op de kultuercoaches. Neffens Drion kin dat, mar moatte de keunstners en dosinten in plak krije dêr't se harren weromlûke kinne.

Trefwurden: 
kultuercoach
(advertinsje)