Dolfyn swimt yn haven fan Harns

Hy liket dochs echt op 'Flipper' út de film mei deselde namme: it bistje dat sûnt moandei yn de haven fan Harns om swimt. Fotografen hawwe de dolfyn tiisdeitemoarn yntusken op de foto krigen.
Dolfyn swimt yn haven fan Harns
Hoe't it kin dat de dolfyn de haven ynswommen is, is net dúdlik. It bart folle faker dat der brúnfisken sjoen wurde yn de Waadsee. Dit bistje is lykwols grutter. Neffens fotografen is it dan ek hast 100% dúdlik dat it om in dolfyn giet. As dat sa is dan is it seldsum.