Sintrale eineksamens middelber ûnderwiis skrast, diploma op basis fan skoaleksamens

24 mrt 2020 - 11:43

De sintrale eineksamens foar it middelber ûnderwiis op vmbo, havo en vwo geane dit jier net troch. Dat hat ûnderwiisminister Arie Slob niiskrekt bekend makke op in parsekonferinsje.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De learlingen krije, as sy it eksamenjier fierder foldwaande folbrocht hawwe, dochs in diploma. It einsifer wurdt berekkene op basis fan it skoaleksamen. Learlingen krije oant begjin juny de tiid om alle skoaleksamens klear te meitsjen.

De skoaleksamens binne de toetsen dy't earder al op skoalle ôfnommen binne. Sy telle gewoanwei foar de helte mei foar it sintrale eksamen.

(advertinsje)
(advertinsje)