De Streekboer komt mei in 'voedseldoos'

24 mrt 2020 - 11:34

Boere-besoarchtsjinst De Streekboer besoarget de kommende tiid lokaal iten yn in saneamde Voedseldoos. Minsken kinne it iten online bestelle. Doel fan de aksje is om lokale produsinten te helpen no't de horeka ticht is troch de coronakrisis.

Foto: Omrop Fryslân

Boeren kinne har guod kwyt yn de 'Voedseldoos' en minsken dy't farsk iten ha wolle, kinne dat fia sa'n doaze krije. De organisaasje siket keapers en boeren, mar ek frijwilligers dy't helpe wolle mei de distribúsje.

De Streekboer freget bedriuwen oft se helpe wolle om ek klanten fan de Voedselbank in doaze te jaan. Mear ynformaasje is te finen op de webside fan De Streekboer.

(advertinsje)
(advertinsje)