Reedrydtalint Femke Kok nei Reggeborgh: "Wol my rêstich trochûntwikkelje"

24 mrt 2020 - 15:02

Reedrydster Femke Kok hat in nije ploech: Team Reggeborgh. It 19-jierrige talint út Nij Beets tekenet foar twa seizoenen, oant en mei de Olympyske Spelen fan 2022. Kok wurdt ploechgenoat fan ûnder oare Ireen Wüst en komt oer fan it Gewest Fryslân. "Ik tink dat Reggeborgh it bêste by my past", tinkt Kok.

Foto: Martin de Jong Fotografie

Kok bruts dit jier troch by de senioaren. Se pleatste har op de 500 meter foar de WK ôfstannen en waard foar de twadde kear wrâldkampioen junioaren. Gerard van Velde is haadcoach by Reggeborgh. "It liket my in hiel leuk team en ik tink dat dit it bêste by my past", fertelt Kok, dy't har de kommende twa jier mear talizze wol op de 1000 en 1500 meter. "Dêr hoopje ik noch grutte stappen op te meitsjen. En de 500 meter ûnderhâlde. Ik wol my op trije ôfstannen fokusje. In bytsje mear allround oan de sprintkant, sis mar."

Femke Kok oer har stap

Ploechgenoaten

Wüst komt oer fan TalentNED en wurdt dus ploechgenoat fan Kok. Dêr is de Nij Beetster hiel bliid mei: "Ik kin hiel folle fan har leare, want se hat safolle ûnderfining. Dat is super moai!"

Oare bekende riders binne Jutta Leerdam en Michelle de Jong. Dy lêste ried ek al tegearre mei Kok yn de junioaretiid. Dat is in foardiel neffens de twafâldich wrâldkampioene junioaren. "Dan wist ek watst oan elkoar hast, dat is wol hiel noflik."

By de manlju ride ûnder oaren Kai Verbij en Koen Verweij. By it Gewest Fryslân ried Kok ûnder lieding fan Henk Hospes en Wouter van der Ploeg.

Soad belangstelling

Der wie safolle ynteresse yn Kok, dat se mei eltse ploech om tafel sitten hat. Dat fynt se in ear, mar tagelykertiid ek dreech om teams ôf te sizzen. Lykas Jumbo-Visma, de grutste ploech yn it reedriden. "Jumbo is de grutste ploech dus dan stiest hielendal yn de belangstelling. Hjir kin ik my rêstich trochûntwikkelje. Dat fyn ik wol gewoan fijn."

(advertinsje)
(advertinsje)