Sybrand Buma: "Geen extra politie in Fryslân om maatregelen te handhaven"

Der sille de kommende tiid gjin ekstra plysjes of hanthaveners de strjitte op gean om de nije coronamaatregels te hanthavenjen. Dat seit boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert. Neffens him sille der net fuortendaliks mear plysjes of hanthaveners beskikber wêze. Hy docht dan ek in oprop oan de Friezen om har te hâlden oan de nije ôfkundige maatregels troch it kabinet. Buma is ek foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân.
© Omrop Fryslân
Neffens Sybrand Buma hawwe de ynwenners fan Fryslân harren de ôfrûne tiid goed hâlden oan de maatregels dy't der nommen binne om de gefolgen fan it coronafirus te beheinen. "Er zijn plekken waar dat niet zo is, maar als het de komende weken zo gaat als als de afgelopen week dan moet het te doen zijn." It doel fan de maatregels is om de fersprieding fan it coronafirus te beheinen. Dat moat derfoar soargje dat de soarchkapasiteit net oerbelêste wurdt en dat de meast kwetsbere minsken holpen wurde kinne.
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert
De boargemaster seit lykwols dat de maatregels allinnich wurkje as elkenien him of har der ek oan hâlde sil. "Er zijn niet ineens meer politiemensen of handhavers beschikbaar, dus de maatregelen werken alleen als mensen zich er ook aan houden en er alleen gehandhaafd hoeft te worden waar dat nodig is."

Mear foech

Boargemasters hawwe fan it kabinet mear foech krigen om de coronamaatregels hanthavenje te kinnen. In tal boargemasters hat moandeitejûn ek oerlein oer de nije maatregels, ûnder wa boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert. "Dit was wat de burgemeesters ook hadden aangegeven bij de minister, namelijk de noodzaak om maatregelen preciezer te kunnen toepassen. In de meeste gevallen gaat het naleven van de coronamaatregelen goed. Maar daar waar het misgaat, moet je kunnen handhaven. En dat kan nu."
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De parsekonferinsje fan premier Rutte en syn ministers Grapperhaus en De Jonge hat ek in soad dúdlikheid jûn foar de kommende moannen, tinkt Buma. "In principe gaan alle bijeenkomsten niet door en dat is heel spijtig. We zitten echt midden in een crisis en daarin is niets normaal. Alles is er op gericht om dit virus te verslaan en dus kun je er vanuit gaan dat in Friesland evenementen als de Dodenherdenking en Bevrijdingsdag niet doorgaan."