Amarins Geveke nije haadredakteur fan de Moanne

Kultureel tydskrift de Moanne krijt in nije haadredakteur. Amarins Geveke folget op 1 april Ernst Bruinsma op. Hy hâldt nei santjin jier op.
© De Moanne
Geveke, âld-redakteur en -ferslachjouwer by Omrop Fryslân, is op dit stuit direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân. Dêrneist is sy presintator en gearstaller fan de talkshow IepenUP.
De nije haadredakteur wol besykje om de Moanne in grutter en wichtiger plak te jaan yn de Fryske mienskip, sa seit se. "It is in eare om mei te wurkjen oan sa'n moai blêd as de Moanne en ik wol my graach ynsette om tegearre mei redaksje en bestjoer nije plannen te ûntwikkeljen."
Amarins Geveke oer har nije funksje