Kollum: "Mei syn allen winne of ferlieze"

24 mrt 2020 - 08:10

"It punt is gewoan dat je it as kollumnist nergens oars mear oer ha kinne. De wrâld kantelet ommers net allinne, mar stiet folslein op 'e kop. Yn it ljocht fan de pandemy liket alles futyl. It bestean fan no draait om siik wêzen, libben en dea. Om it fuortfallen fan wurk en ynkomsten. De maitiid is begûn, it sintsje docht wakker har bêst en de natuer springt, hipket, fljocht en gûnzet jin temjitte. Alles is yn beweging, mar de minskheid stiet stil.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Mei dat gegeven meane wy as praatsjemakkers inoar it gers foar de fuotten wei. Ik lês in kop as 'Proef om wetter te ferheegjen kin net trochgean troch te heech wetter' en tink: dat is grappich. Mar ik kin der neat mei. Of it berjocht dat de fjirde man op de moanne stoarn is, en tink: helje harren dêr dan ek wei. Of it nijs dat in auto mei 700.000 oan kontanten yn de binnenstêd fan Amsterdam ûntdutsen is.

Dat parkearen yn de haadstêd net te beteljen is wurdt yn ien klap dúdlik mei sok nijs. Mar ik kin der neat mei. Likemin as mei it optreden fan de hearen Snuf en Snuitje, oftewol Wilders en Baudet, foarige wike mei it coronadebat. Dat gers is ek al troch myn kollega's fierhinne fuortmeand wurden, mar dat optreden wie sa skandalich dat ik it der dochs efkes oer ha moat.

In wichtich aspekt fan demokrasy is publike ferantwurding ôflizze foar beslissingen dy't nommen binne. It regear fergje op stappen dy't it set. Dat is demokrasy: yn alle iepenbierens de diskusje oangean. It coronadebat fan foarige wike wie unyk omdat it losstie fan politike ideology. Dat gie oer it funksjonearjen fan in regearing, dy't op basis fan ynformaasje dy't alle dagen feroaret in paad yn en út de krisis besiket te finen.

Sa't Wilders en yn mindere mate Baudet tekear giene tsjin de regearing wie bûten alle roai. Beide kamen se net los fan harren egoïstyske, partijpolitike kulpraat, blonken se út troch nul konstruktive bydragen en mikten se op beskamsume wize, en dus ek oer de rêgen fan coronapasjinten hinne, op it winnen fan sieltsjes foar harren eigen, miserabele belangen.

Kritysk wêze moat, mar ûntkenne dat elkenien syn bêst docht en dat der yn dizze kwestje gjin ultym gelyk bestiet, is net allinne ridikúl, mar ek gefaarlik. Mei sok hâlden en dragen ûndermynje se de autoriteit fan it kabinet. Dêr't wy driuwend ferlet fan ienheid ha, kieze Snuf en Snuitje foar twaspjalt. Dêr't de hiele maatskippij har ferantwurdlikheid opnimme moat, litte Wilders en Baudet krekt it tsjinoerstelde sjen. It mei syn allen winnen of ferliezen jildt net foar harren. Dizze krisis betsjut sadwaande it folsleine démaskee fan Wilders en Baudet. Oft dat no posityf is of net, bin ik net oer út."

(advertinsje)
(advertinsje)