LTO Noord biedt boeren mentale stipe oan yn coronakrisis

24 mrt 2020 - 07:06

Boeren hawwe swier te lijen ûnder de coronakrisis. It coronafirus hat foar boeren net allinne finansjele gefolgen, mar ek mentale. Dêrom hat lânbou-organisaasje LTO Noord stipe op tou set foar leden dy't troch it firus yn 'e knipe komme. Boeren kinne 'psychososjale help' krije fan spesjale coaches. Neffens foarsitter Dirk Bruins fan LTO Noord hawwe de boeren noch in drege perioade foar de boech.

Foto: LTO Noord

Boeren kinne harren produkten minder kwyt. Om't de hoareka net mear iepen mei, wurdt der bygelyks minder patat ferkocht. En as der minder patat ferkocht wurdt, binne der ek minder ierappels fan de boer nedich.

It docht ek bliken dat it dreech is om foldwaande arbeidskrêft te finen foar de rispingen letter yn it jier. Dat komt bygelyks om't der ek seizoenarbeiders út it bûtenlân yn de lân- en túnbou fan it noarden wurkje. Dêr sille neffens LTO Noord problemen mei komme, ûnder oare fanwegen de maatregels dy't lannen steld hawwe fanwegen it firus.

"Extra aandacht"

Alle problemen soargje der neffens foarsitter Bruins foar dat boeren mentaal yn 'e knipe komme. Dêrom is in 'luisterend oor' tige wichtich. "We geven altijd al wel hulp, maar nu zijn we extra alert en besteden we er extra aandacht aan. Dit gaat lang duren, die verwachting is er bij iedereen. Er zullen meer inkomens onder druk komen te staan, en dat leidt tot nare gevolgen."

Foarsitter Dirk Bruins fan LTO Noord

Trefwurden: 
boeren LTO Noord coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)