Liveblog | 24 maart 2020

Coronanijs tiisdei 24 maart: Sintrale eineksamens skrast, Olympyske Spelen útsteld

De sintrale eksamens op middelbere skoallen geane net troch. It totaal tal minsken mei it coronafirus yn Fryslân stiet op 42.
Lêst bywurke: 8 april 2020, 11:05
tiisdei 24 maart 2020
23:00

Ein fan dit liveblog

Oant safier it liveblog fan tiisdei 24 maart oer de coronakrisis. Wy sette noch ien kear de belangrykste punten út dit liveblog op in rychje:
Woansdei is der wer in nij liveblog. Ek op radio en telefyzje kinne jo by ús telâne foar al it lêste nijs.
22:39

Kampearterrein Stortemelk iepenet letter

De Flylanner camping Stortemelk giet dit jier letter iepen yn ferbân mei it coronafirus. It grutste kampearterrein fan de Waadeilannen giet yn stee fan woansdei 1 april no op moandei 1 juny iepen.
21:58

Epke jout Spelen 2021 noch in kâns

Turner Epke Zonderland hat de Olympyske Spelen fan Tokio 2021 noch lang net út de holle setten. Ek net no't dy fanwege de coronakrisis nei folgjend jier ferpleatst binne. Earder sei de Fries dat er noch neitinke soe oer syn sporttakomst."Ik ha wol de yntinsje om troch te gean", seit Zonderland tsjin de NOS.
21:00

Fries Straatfestival giet ek net troch

© Facebook Fries Straatfestival
20:05

Skylger ûndernimmers hawwe spesjaal boadskip

19:54

Dizze Jumbo yn Drachten hat in hiel hânwaskstasjon foar de doar