Coronanijs tiisdei 24 maart: Sintrale eineksamens skrast, Olympyske Spelen útsteld

24 mrt 2020 - 11:00
  • Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus;
  • Yn Fryslân binne op dit stuit 42 minsken posityf test op it firus;
  • It kabinet hat moandei ekstra maatregels oankundige tsjin de fersprieding;
  • De sintrale eineksamens yn it middelber ûnderwiis geane net troch;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

23:00
Ein fan dit liveblog

Oant safier it liveblog fan tiisdei 24 maart oer de coronakrisis. Wy sette noch ien kear de belangrykste punten út dit liveblog op in rychje:

  • Der binne tiisdei troch de GGD wer twa minsken yn Fryslân registrearre mei it coronafirus;
  • Yn de Fryske sikehuzen binne de ôfrûne 24 oeren yn totaal 22 minsken mei it coronafirus opnaam;
  • De sintrale eineksamens foar middelbere skoalbern geane net troch;
  • Supermerken begûnen mei in spesjaal doarbelied. Mar in beheind oantal klanten mocht nei binnen ta;
  • MCL is yn oerlis mei hotelketens Van der Valk en Fletcher oer it opfangen fan pasjinten út oare provinsjes;
  • De gemeente Ljouwert komt mei stipe yn de foarm fan ekstra maatregels foar pleatslike ûndernimmers en zzp'ers;
  • Grutte eveneminten lykas de Fytsalvestêdetocht, de Slachtemaraton en Oerrock gean dit jier net troch.

Woansdei is der wer in nij liveblog. Ek op radio en telefyzje kinne jo by ús telâne foar al it lêste nijs.

22:39
Kampearterrein Stortemelk iepenet letter

De Flylanner camping Stortemelk giet dit jier letter iepen yn ferbân mei it coronafirus. It grutste kampearterrein fan de Waadeilannen giet yn stee fan woansdei 1 april no op moandei 1 juny iepen.

21:58
Epke jout Spelen 2021 noch in kâns

Turner Epke Zonderland hat de Olympyske Spelen fan Tokio 2021 noch lang net út de holle setten. Ek net no't dy fanwege de coronakrisis nei folgjend jier ferpleatst binne. Earder sei de Fries dat er noch neitinke soe oer syn sporttakomst."Ik ha wol de yntinsje om troch te gean", seit Zonderland tsjin de NOS.

21:00
Fries Straatfestival giet ek net troch
Foto: Facebook Fries Straatfestival
19:45
Piet Fortuin (CNV): "Fakkefolje is in fitaal berop, mar it moat wol feilich!"

"De hiele detailhannel draait op 15-, 16- en 17-jierrigen, dy't mar in bytsje fertsjinje. It minste dat je dwaan kinne, is harren in feilich wurkplak biede." Dat seit Piet Fortuin fan fakbûn CNV. Syn fakbûn easke moandei maatregels om fakkefollers te beskermjen tsjin mooglike coronabesmetting op it wurk.

18:49
Grutte soargen oer takomst Oerol

It lokaasjeteäterfestival Oerol op Skylge giet net troch yn de hjoeddeiske foarm. De organisaasje slút net út wat lyts te organisearjen. Oft dat mei publyk is of online is noch net wis. Dit jier soe it festival fan 12 oant en mei 21 juny holden wurde. "Hoewel het geen verrassing was, kwam het wel heel hard aan", seit festivaldirekteur Siart Smit.

Bonte Hond spilet IK op Oerol - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
18:27
Gemeente Ljouwert komt ûndernimmers en zzp'ers yn 'e mjitte

De gemeente Ljouwert komt mei stipe yn de foarm fan ekstra maatregels foar pleatslike ûndernimmers en zzp'ers dy't hurd troffen wurde troch de coronakrisis. De maatregels gean fuortendaliks yn en komme boppe-op it lanlike pakket oan needmaatregels.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)