Lang om let beslút oer De Stelp op It Amelân: nijbou oan de Oranjewei

23 mrt 2020 - 21:45

Op It Amelân is lang om let in definityf beslút naam oer De Stelp. De nije lokaasje foar it âldereinsintrum komt oan de Oranjewei by moetingssintrum Ons Hol. De hjoeddeiske Stelp oan de Hidde Dirks Katstrjitte wurdt ôfbrutsen. Op dat plak sille húskes en hofkes komme. Alle riedsleden dy't oanwêzich wiene by de gearkomste, stimden foar nijbou oan de Oranjewei. Earder die al bliken dat dêr stipe foar wie.

De âlde lokaasje fan De Stelp - Foto: Google Street View

KwadrantGroep hat as soarchoanbieder earder witte litten net mei te wurkjen as der nijbou komme mast op it terrein dêr't De Stelp no stiet. De wurkgroep 'De Stelp op de Stelp' seach lykwols leaver dat de nije soachlokaasje op it hjoeddeiske plak komme soe. De Oranjewei is fierder by it doarp en de winkels wei. De wurkgroep sammele meas as tûzen hantekeningen.

Alde lokaasje past net

Mei de ûntwikkeling fan de wetlike wensoarchfisy die bliken dat der sa'n 50 gruttere apparteminten komme moasten. Dy passe net op de âlde lokaasje. De konklúzje is dus dat bouwe op de Hidde Dirks Katstrjitte net in opsje mear is.

It eilân wrakselet al sûnt 2004 mei de plannen foar De Stelp. Nijbou, mar ek renovaasje binne oan 'e oarder kaam. De wurkgroep wol noch wol in petear mei it bestjoer wol oer de proseduere.

(advertinsje)
(advertinsje)