Slachtemaraton skrast, kaarten kinne op 'e nij brûkt wurde yn 2021

24 mrt 2020 - 06:50

Ek de Slachtemaraton sil dit jier skrast wurde. De kuiertocht stie yn de planning foar 13 juny. Mar mei it each op de nije maatregels fan it kabinet tsjin it coronafirus kin de edysje fan 2020 net trochgean, seit foarsitter Anne Jochum de Vries. Minsken dy't in kaart kocht hawwe, kinne dy yn 2021 op 'e nij brûke.

Slachtemarathon - Foto: Omrop Fryslân

Foarsitter De Vries jout oan dat it net mear slagje sil om de Slachte op tou te setten. "Dat kin gewoan net yn twa wiken," seit De Vries. En boppedat soene je der al fanút gean dat de maatregels yn juny wer fan de baan binne.

Net genôch tariedingstiid

Earder joech it bestjoer al oan dat de organisaasje efkes op in leech pitsje stie, yn ôfwachting fan de berjochten fan it kabinet. No't bliken docht dat de maatregels oant 1 juny ferlinge binne, is der net genôch tiid foar in goeie tarieding.

Anne Jochum de Vries fan de Slachtemaraton

(advertinsje)
(advertinsje)