OERSJOCH: Nije maatregels tsjin it coronafirus

23 mrt 2020 - 20:40

It kabinet hat moandei nije maatregels naam yn de oanpak fan it coronafirus. Premier Rutte en ministers De Jonge, Grapperhaus en Van Rijn ha yn in parsekonferinsje ferteld wat dy maatregels ynhâlde.

Foto: ANP

De nije maatregels fan it kabinet:

  • Bliuw safolle mooglik thús. Gean allinnich nei bûten ta ast thús net wurkje kinst, om boadskippen te dwaan of om foar oaren te soargjen. Even in frisse noas helje kin, mar doch dat net yn in groep. Hâld altyd ôfstân fan oaren (op syn minst oardel meter) en doch gjin sosjale aktiviteiten mei groepen minsken. Ek thús jildt: op syn meast trije minsken op besite en ek dan ôfstân hâlde.
  • Ast kiche of hoastje moatst of ast ferkâlden bist, wie de regel al om thús te bliuwen. Ast ek koarts krijst, dan moat dyn hiele húshâlden thúsbliuwe. In útsûndering jildt foar minsken yn krúsjale beroppen en saneamde fitale prosessen, útsein as sy sels siik wurde.
  • Alle gearkomsten wurde ferbean oant 1 juny (dat wie earst 1 april), ek as it gearkomsten binne mei minder as 100 minsken. Foar begrafenissen en tsjerklike brulloften jildt in útsûndering. Dêroer komt it kabinet letter mei mear ynformaasje.
  • Winkels en it iepenbier ferfier wurde ferplicht om maatregels te nimmen om derfoar te soargjen dat minsken ôfstân hâlde, bygelyks mei doarbelied.
  • Foar kappers, skjintmespesjalisten en oare saneamde kontaktberoppen op it mêd fan fysike fersoarging jildt oant 6 april dat sy harren wurk net dwaan meie. Foar bygelyks fysioterapeuten jildt dat se safolle mooglik wurkje moatte mei fideopetearen.
  • Kasino's falle no ûnder deselde maatregel as hoarekagelegenheden: se moatte ticht mei yngong fan 24 maart.
  • Lokaasjes lykas fakânsjeparken moatte maatregels treffe om minsken 1,5 meter ôfstân hâlde te litten. As dat net slagget, dan meie de boargemasters dy plakken slute.
  • Boargemasters kinne plakken oanwize dêr't it foarmjen fan groepen ferbean is. Dan kin it gean om parken, strannen of wiken. By groepen fan trije of mear minsken dy't net oardel meter ôfstân hâlde, kin dan hanthavene wurde. In útsûndering jildt foar minsken yn itselde húshâlden en foar bern.
  • Merken binne útsûndere fan de regel, omdat dy op guon plakken in essinsjeel ûnderdiel binne fan de 'foedselketen'. Gemeenten en merkmasters moatte wol sjen hoe't se derfoar soargje kinne dat minsken genôch ôfstân hâlde.
  • De oerheid wol de besteande maatregels ek better hanthavenje kinne. Dêrom krije boargemasters de mooglikheid om mei in needferoardering makliker en earder yn te gripen. Boargemasters kinne spesifike lokaasjes slute, lyksa parken, strannen en campings. Dêrby kinne se ek boetes oplizze.

De maatregels dy't it kabinet earder ôfkundige, bliuwe fan krêft. It doel fan de maatregels is om de fersprieding fan it coronafirus te beheinen. Dat moat derfoar soargje dat de soarchkapasiteit net oerbelêste wurdt en dat de meast kwetsbere minsken holpen wurde kinne.

It kabinet basearret him by de maatregels op advizen fan eksperts, dy't gearkomme yn it Outbreak Management Team. Jaap van Dissel, direkteur fan it Centrum Infectieziektebestrijding fan it RIVM, is de foarsitter fan dat team.

De parsekonferinsje wêryn't it kabinet de nije maatregels oankundiget:

Folgje it nijs oer it coronafirus hjoed ek wer yn ús liveblog. En sjoch foar al ús berjochtjouwing oer it firus yn ús coronadossier.

Trefwurden: 
coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)