Jon Hermans-Vloedbeld waarnimmend boargemaster Skylge

23 mrt 2020 - 20:15

Jon Hermans-Vloedbeld (VVD) is beneamd as waarnimmend boargemaster fan Skylge. De beneaming giet op 1 april yn. De 66-jierrige Hermans-Vloedbeld wurdt de opfolger fan Bert Wassink, dy't op 1 april oan de slach sil as wethâlder yn Ljouwert.

Foto: Provinsje Fryslân

Hermans-Vloedbeld hat yn fiif gemeenten (waarnimmend) boargemaster west: Ouderkerk, Ridderkerk, Almelo, Oud-Beijerland en Noordwijk.

"Har ekspertize op it mêd fan iepenbiere oarder en feiligens wiene foar de kommissaris reden har te freegjen", skriuwt de provinsje Fryslân. "Yn dizze krisis komt dat goed fan pas."

(advertinsje)
(advertinsje)