Grutte problemen NDC troch coronafirus: útjouwer sil berop op needfûns dwaan

23 mrt 2020 - 19:55

De Noordelijke Dagblad Combinatie (NDC) sil in berop dwaan op in needfûns fan it kabinet. NDC is útjouwer fan ûnder oare de Leeuwarder Courant, Friesch Dagblad en it Dagblad van het Noorden. Troch it coronafirus ferwachtet NDC dat de ynkomsten út advertinsjes flink weromrinne sille en dat in berop op it needfûns needsaaklik is.

Foto: ANP

De haadredaksje hat yn in brief oan meiwurkers witte litten dat it net de goede kant op giet. "We zullen er niet alleen in staan, maar op de huidige coronacrisis zaten wij niet te wachten. Het omzetverlies zal ongetwijfeld zodanig zijn, dat we een beroep moeten doen op het noodfonds dat de regering deze week heeft ingesteld."

NDC siet al yn de reade sifers. Yn 2018 draaide it krantekonsern in ferlies fan 4,8 miljoen euro. De situaasje no ropt op 'e nij de fraach op oft NDC wol oerein bliuwe kin.

It is lykwols noch net dúdlik wat de gefolgen fan it coronafirus foar de kranten yn Fryslân wêze sil. Neffens NDC moat der 'stringent op de kosten' letten wurde. Ek kin it 'vervelende gevolgen' foar freelance meiwurkers hawwe. Dy soene wol help krije fan in advokaat dy't spesjalisearre is yn arbeidsrjocht.

(advertinsje)
(advertinsje)