Gjin Fytsalvestêdetocht dit jier: "Utstelle is gjin opsje"

23 mrt 2020 - 19:48

De Fytsalvestêdetocht giet dit jier net troch. Troch de nije maatregels fan it kabinet kin it evenemint net trochgean op pinkstermoandei 1 juny. "En de Fytsalvestêdetocht letter hâlde is gjin opsje. It heart op pinkstermoandei," seit foarsitter Stephan Rekker.

Fytsalvestêdetocht - Foto: Henk Bootsma

Alle kaarten wiene ferkocht, mar de organisaasje soe dreech wurde neffens Rekker. "Moatst dy ôffreegje oftst wol genôch frijwilligers krije kinst." Rekker hat sels ien kear earder meimakke dat de tocht net trochgean koe. "Dat wie yn 2001 mei de MKZ."

Yn de regleminten stiet dat minsken it ynskriuwjild net weromkrije, as de tocht net trochgean kin. "Mar stel dat wy no jild út de oerheid krije, omdat we net trochgean kinne, dan sille we der wol nei sjen. Dan nimme we kontakt op mei de dielnimmers."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman en foarsitter Stephan Rekker

(advertinsje)
(advertinsje)